Ferskil tusken ferzjes fan "Bagdad"

2 bytes lytser ,  2 jier lyn
gjin bewurkingsgearfetting
 
=== Klimaat ===
Bagdad hat in tige hiet, skrok klimaat. As men nei de maksimum temperatueren sjocht, is it ien fan de hietstehytste steden fan de wrâld. Yn de simmer fan juny oant augustus is de maksimale trochstrings temperatuer 44 °C. Yn dy perioade falt der sawat gjin rein.
 
Yn de winter leit de temperatuer trochstrings op 16 °C, de minimale temperatuer leit dan om de 4 °C.
== Skiednis ==
 
Bagdad waard yn [[762]] stifte ûnder de namme ''Madinat as Salam''', wat ynhâldt de ''Stêd fan de Frede''. De stêd wie mei tuskenskoften de [[haadstêd]] fan it [[kalifaat]] fan de [[Abbasiden]]. De namme ''Bagdad'' hearde feitlik by in doarpke ticht yn de buert, dêr't de namme fan oergong op de tichteby lizzende stêd. De namme Bagdad komt út it [[Perzyske taal|Perzysk]] en betsjut 'skonken tún'. (Yn it Perzysk, 'Bagh' (بغ) betsjut hof, garde en 'dad' (داد) betsjut jaan). In bynamme foar Bagdad wie de ''Rûne Stêd'', troch har rûne foarm. Yn in pear jier tiid ferrize der in grut paleis en in grute moskee en de stêd woeks eksplosyf troch de tastream fan minsken út de hiele islamityske wrâld. De stêd bloeide as hannelsstêd trochdat in grut part fan de hannelswegen tusken [[Aazje]] en [[Jeropa]] oer Bagdad gienengiene. De grutte havenstêd [[Basra]] oan de [[Perzyske Golf]] soarge foar in goede ferbining mei de [[Yndyske Oseaan]]. Sa kamen wichtige seerûtes fanút East-Afrika en Súd-Aazje by Bagdad gear.
 
De keunsten en wittenskippen waarden stimulearre troch de yntellektuele frijheid dy't de Abbasiden foarstienen en der ûntstienen ferneamde studzjesintra mei ûnder oare it [[Hûs fan de Wiisheid]], dêr't út de hiele bekende wrâld wei studinten en gelearden hinne kamen om te studearjen en ûnderwizen. Bagdad waard in wichtich sintrum foar it yn stân hâlden fan de eardere [[hellenisme|Helleenske]] skriften. In diel fan de klassike literatuer wie allinnich noch bekend troch Arabyske oersettings dy't hjir bewarre en fan kommentaar foarsjoen waarden. Ek de genêskunde stie op in heech peil. Ut dy tiid (de 9e iuw) datearje de ferhalen fan ''1001 nacht'', dêr't Bagdad en syn ferneamde [[kalyf]] [[Haroen al Rashid]] in wichtige rol yn spylje.
7.839

bewurkings