Yndiaanske Niverheidsskoalle fan Carlisle: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
kt
Rigel 24:
}}
De '''Yndiaanske Niverheidsskoalle fan Carlisle''' ([[Ingelsk]]: ''Carlisle Indian Industrial School''), offisjeel eins de '''Amerikaanske Yndiaanske Niverheidsskoalle''' (Ingelsk: ''United States Indian Industrial School'') wie in [[ambachtsskoalle]] en [[kostskoalle]] foar [[Yndianen|Yndiaanske]] bern yn [[Carlisle (Pennsylvania)]], dy't fan [[1879]] oant [[1918]] bestie. De goedbedoelde lesmetoaden dy't der brûkt waarden, binne no tige kontroversjeel. De gebouwen fan 'e skoalle krigen yn [[1966]] [[monumint (erf)|monumintale]] status troch opname yn it [[Amerikaansk Nasjonaal Register fan Histoaryske Plakken]].
__TOC__
 
==Skiednis==
De Yndiaanske Niverheidsskoalle fan Carlisle waard oprjochte troch [[Richard Henry Pratt]], in eks-[[kaptein (rang)|kaptein]] út it [[Amerikaanske Leger]] mei foarútstribjende ideeën, dy't earder de kommandant fan [[Fort Marion]], by [[St. Augustine (Floarida)|St. Augustine]], yn [[Floarida]], west hie, doe't dêr in groep Yndiaanske [[kriichsfinzene]]n út 'e [[Flakte-Yndiaanske Oarloggen]] fêstholden waard. Pratt wie fan miening dat Yndianen yn begjinsel like yntelligint wiene as [[jeropide ras|blanken]], en dat men harren inkeld de feardichheden oanleare moast dy't se yn 'e Westerske maatskippij nedich wiene, lykas kennis fan it [[Ingelsk]], lêzen en skriuwen, it [[kristendom]], ensfh. Dan soene se harsels rêde kinne en assimilearre wurde yn 'e blanke Amerikaanske befolking. Tsjintwurdich wurdt soks as [[kultuer|kulturele]] [[genoside]] beskôge, mar yn in tiid dat it grutste part fan 'e blanke befolking letterlike [[genoside]] de bêste oplossing foar de Yndianen fûn, wie soks in ferljochte idee.
Rigel 51:
[[Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1879]]
[[Kategory:Organisaasje opheft yn 1918]]
[[Kategory:Monumint yn de Feriene SteatenPennsylvania]]
[[Kategory:Bouwurk út 1880]]