Ferskil tusken ferzjes fan "Moarrewâld"

red en sa
(red en sa)
 
[[Ofbyld:Gemeentehûs te Moarrewâld, no Damwâld, 1927.jpg|thumb|225px|''It eardere gemeentehûs fan Dantumadiel, 1927'']]
[[Ofbyld:Moarrewâld De Hale.jpg|thumb|225px|''De Hale, Moarrewâld'']]
'''Moarrewâld''' (ek '''Moarmwâld''') is in earder doarp yn de gemeente [[Dantumadiel]]. Op 1 jannewaris [[1971]] waarden Moarrewâld, [[Ikkerwâld]] en [[Dantumawâld]] gearfoege ta [[Damwâld]]. Moarrewâld wie it sintraal lizzende doarp fan de trije.
 
De namme Moarrewâld kin útlein wurde as ''moarre-wâld''. "Moarre" betsjut [[fean]]; "wâld" betsjut "bosk". Mar neffens inkele ferhalen soe de namme Moarrewâld ôflaat wêze fan "Moardenerswâld", omdat hjir yn it jier [[754]] [[Bonifatius]] fermoarde wêze soe.
 
Moarrewâld is in streekdoarp en lei oan de ûntginningsas fan de [[Dokkumer Wâlden]], tichteby de krusing mei de ferbining fan Dokkum nei it suden stiet de tsjerke. DizzeDy tsjerke is om 1200 hinne boud, yn 1922/1923 waard der in oanbou oan de noardeastkant boudtaheakke. De tsjerke waard fan 1961 oant 1963 restaurearre.
 
In 1881 waard Moarrewâld it haadplak fan de gemeente Dantumadiel. It [[gemeentehûs fan Moarrewâld]] stie destiids oan de Krúswei. Yn 1972 ferhuze de gemeente nei de [[Rinsmastate]] yn [[Driezum]], om yn 1999 werom te gean nei [[Damwâld]].
 
==Bekende ynwenners==
* [[Dr. Jacob Botke]] ( Huzum, 15 desimber 1877 - Grins, 21 oktober 1939 ), biolooch en [http://www.damwaldnet.nl/joomla/index.php?option=com_content&view=article&id=202:jacob-botke&catid=1:artikelen&Itemid=50/ learaar] yn Moarrewâld fon 1896-1898. Hy sette him yn foar in Frysker Fryslân en rjochte yn [[1922]] de [[Fryske Bibleteek]] op.
 
== Keppeling om utens ==