Holle Hoarn-Bear: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 25:
 
Under de [[Oarloch fan Reade Wolk]] ([[1866]]-[[1868]]) ûntjoech Holle Hoarn-Bear him ta ien fan 'e lieders fan 'e Lakota yn harren striid om it gebiet fan 'e [[Powder (rivier yn Montana)|Powderrivier]], dêr't it Bozeman Trail dwers trochhinne rûn. Dêrby naam er û.m. diel oan it saneamde [[Fetterman-bloedbad]], wêrby't in [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[kavalery]]-ôfdieling ûnder [[kaptein (rang)|kaptein]] [[William J. Fetterman]] alhiel ferdylge waard. Letter focht Holle Hoarn-Bear ûnder de [[Grutte Sû-Oarloch fan 1876]] yn 'e ferneamde [[Slach oan de Little Bighorn]], wêrby't in koälysje fan Lakota, [[Noardlike Sjajinnen]] en [[Noardlike Arapaho (folk)|Noardlike Arapaho]] it [[Amerikaanske 7e Kavaleryregimint]] fan [[luitenant-kolonel]] [[George Armstrong Custer]] in ferpletterjende nederlaach tabrocht.
[[File:American_Indian_stamp_14c_1922_issue.jpg|left|thumb|180px100px|Holle Hoarn-Bear op in [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[postsegel]] út [[1922]].]]
 
Yn 'e twadde helte fan 'e [[1870]]-er jierren begûn Holle Hoarn-Bear yn te sjen dat it ferset tsjin 'e Amerikanen sinleas wie. Neitiid waard er by ferskate gelegenheden útnûge om by seremoanjes yn it Easten fan 'e Feriene Steaten de Yndianen te fertsjintwurdigjen, wat him in beskate bekendheid joech. Hy waard oansteld as it haad fan 'e Yndiaanske [[plysje]] yn it [[Rosebud Yndianereservaat]] fan [[Súd-Dakota]], dêr't er yn [[augustus]] [[1881]] de [[Brulee]]-[[haadman]] [[Kriehûn]] arrestearre foar de [[moard]] op it opperhaad [[Bûnte Sturt]]. Dêrnjonken wie Holle Hoarn-Bear ek ferskate kearen belutsen by ûnderhannelings tusken de Lakota en de Amerikaanske autoriteiten.
Rigel 32:
 
Holle Hoarn-Bear waard yn [[1905]] útnûge om diel te nimmen oan 'e presidinsjele ynauguraasje fan [[Theodore Roosevelt]]. Yn [[1913]] joech er by de ynauguraasje fan presidint [[Woodrow Wilson]] lieding oan in groepke Yndianen dat yn 'e feestlike optocht meiried. By dat besyk oan [[Washington, D.C.]] rûn Holle Hoarn-Bear lykwols in [[longûntstekking]] op dy't him fataal waard. Hy stoar sadwaande yn 'e Amerikaanske [[haadstêd]], yn 'e âlderdom fan 63 jier. Syn stoflik omskot waard [[begraffenis|begroeven]] yn [[Todd County (Súd-Dakota)|Todd County]], yn [[Súd-Dakota]]. Yn [[1922]] pronke it byltenis fan Holle Hoarn-Bear op in Amerikaanske [[postsegel]] fan 14¢.
 
== Gallery ==
<gallery mode="packed" caption="Hollow Horn Bear">
Hollow Horn Bear Colorized from the Canadian Pamphlets Collection.jpg
Chief Goes To War, Chief Hollow Horn Bear, Sioux.jpg
Hollow Horn Bear (खोखला सींग भालू).jpg|1900
Hollow Horn Bear Edward Bates 1910.jpg
HOLLOW HORN BEAR LCCN2016858435.jpg
Hollow-Horn-Bear-Sicangu-1905.jpg|1905
Six tribal leaders.png
</gallery>
 
{{boarnen|boarnefernijing=