Kamieleftigen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Camelsfootforexceedinglyimportantarticle.jpg ferfange troch Camel_Foot.jpg (troch CommonsDelinker om't: File renamed: Criterion 2 (meaningless or ambiguous na
Rigel 45:
==Beskriuwing==
Kamieleftigen binne grutte, folslein [[herbivoar]]e bisten mei in lange, ranke [[hals]] en lange [[poat]]en. Hoewol't se har [[fretten]] [[wjerkôgjen|wjerkôgje]], ferskille se op in stikmannich manearen fan 'e leden fan it [[taksonomy]]ske [[wjerkôgers]] (''Ruminantia'') (lykas [[kij]], [[skiep]] en [[geit]]en). Sa befettet it [[gebit]] fan kamieleftigen oanwizings foar it oarspronklike bestean fan twa sintrale [[snijtosk]]en yn 'e [[boppekaak]], en fierders hawwe se wiere [[hoektosk]]en en [[slachtosk]]eftige [[foarkies|foarkiezzen]] dy't fan 'e wiere [[kies|kiezzen]] skaat binne troch in stikje iepen romte.
[[File:CamelsfootforexceedinglyimportantarticleCamel Foot.jpg|left|thumb|180px|De [[poat]] fan in [[kamiel]].]]
 
Ek is de oanhechting fan 'e [[spier]]en yn 'e poaten oars as by oare [[ûnevenhoevigen]], mei as gefolch de karakteristike wize dy't kamieleftigen hawwe om lizzen te gean, wêrby't se earst mei de [[foarpoat]]en op 'e [[knibbel]]s stypje ear't se de [[efterpoaten]] ûnder it [[lichem]] opteare. (Kij, skiep en geiten teare earst de efterpoaten ûnder it lichem en litte dan pas de foarpoaten sakje.) Fierdersoan beskikke kamieleftigen oer trije ûnderskate [[mage]]n, wylst wjerkôgers fjouwer magen hawwe. Ek is by kamieleftigen de [[boppelippe]] midden ûnder de [[noas]] midstwa spjalten, in skaaimerk dat [[kateftigen]] ek hawwe,