Holle Hoarn-Bear: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
→‎Libben: sorry I don't speak Fryss
Rigel 31:
Yn [[juny]] [[1895]] easke er it ûntslach fan [[J. George Wright]], in ympopulêr [[Yndiaansk agint]], dy't op eigen manneboet de grutte fan 'e rantsoenen dy't yn it Rosebud Reservaat oan 'e Yndianen útrikt waarden, ferlytse hie. Dêrby joech er Wright in ultimatum om it [[Yndianereservaat|reservaat]] binnen 21 dagen te ferlitten. By wize fan antwurd sleat Wright Holle Hoarn-Bear yn [[septimber]] [[1895]] op yn it [[tichthûs (finzenis)|selleblok]] fan it [[Yndiaansk agintskip]], mar dêrnei waard er weromfluite en moast er it opperhaad wer op frije fuotten stelle. Yn [[1896]] waard Wright fuortpromovearre nei it amt fan Yndiaansk ynspekteur mei tafersjoch oer in grut tal Yndianereservaten.
 
[[File:A-century-ago-426.jpg|thumb|left|presidinsjele ynauguraasje fan [[Theodore Roosevelt]], 4 mars 1905. Hollow Horn Bear est à l'extrémité droite]]
Holle Hoarn-Bear waard yn [[1905]] útnûge om diel te nimmen oan 'e presidinsjele ynauguraasje fan [[Theodore Roosevelt]]. Yn [[1913]] joech er by de ynauguraasje fan presidint [[Woodrow Wilson]] lieding oan in groepke Yndianen dat yn 'e feestlike optocht meiried. By dat besyk oan [[Washington, D.C.]] rûn Holle Hoarn-Bear lykwols in [[longûntstekking]] op dy't him fataal waard. Hy stoar sadwaande yn 'e Amerikaanske [[haadstêd]], yn 'e âlderdom fan 63 jier. Syn stoflik omskot waard [[begraffenis|begroeven]] yn [[Todd County (Súd-Dakota)|Todd County]], yn [[Súd-Dakota]]. Yn [[1922]] pronke it byltenis fan Holle Hoarn-Bear op in Amerikaanske [[postsegel]] fan 14¢.