Holle Hoarn-Bear: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
L Tekst by foto oars
Rigel 27:
 
Yn 'e twadde helte fan 'e [[1870]]-er jierren begûn Holle Hoarn-Bear yn te sjen dat it ferset tsjin 'e Amerikanen sinleas wie. Neitiid waard er by ferskate gelegenheden útnûge om by seremoanjes yn it Easten fan 'e Feriene Steaten de Yndianen te fertsjintwurdigjen, wat him in beskate bekendheid joech. Hy waard oansteld as it haad fan 'e Yndiaanske [[plysje]] yn it [[Rosebud Yndianereservaat]] fan [[Súd-Dakota]], dêr't er yn [[augustus]] [[1881]] de [[Brulee]]-[[haadman]] [[Kriehûn]] arrestearre foar de [[moard]] op it opperhaad [[Bûnte Sturt]]. Dêrnjonken wie Holle Hoarn-Bear ek ferskate kearen belutsen by ûnderhannelings tusken de Lakota en de Amerikaanske autoriteiten.
[[File:A-century-ago-426.jpg|thumb|upright=0.7250px|left|presidinsjele ynauguraasjeYnauguraasje fan [[Theodore Roosevelt]], 4 marsmaart 1905. HollowHolle HornHoarn Bear estrydt àit l'extrémitéfierst droiterjochts]]
Yn [[juny]] [[1895]] easke er it ûntslach fan [[J. George Wright]], in ympopulêr [[Yndiaansk agint]], dy't op eigen manneboet de grutte fan 'e rantsoenen dy't yn it Rosebud Reservaat oan 'e Yndianen útrikt waarden, ferlytse hie. Dêrby joech er Wright in ultimatum om it [[Yndianereservaat|reservaat]] binnen 21 dagen te ferlitten. By wize fan antwurd sleat Wright Holle Hoarn-Bear yn [[septimber]] [[1895]] op yn it [[tichthûs (finzenis)|selleblok]] fan it [[Yndiaansk agintskip]], mar dêrnei waard er weromfluite en moast er it opperhaad wer op frije fuotten stelle. Yn [[1896]] waard Wright fuortpromovearre nei it amt fan Yndiaansk ynspekteur mei tafersjoch oer in grut tal Yndianereservaten.