Bestjoerlike yndieling fan Finlân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mathys1995 (oerlis | bydragen)
begjintsje
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 25 feb 2019 om 19.19

De bestjoerlike yndieling fan Finlân bestiet benjonken de sintrale oerheid út in provinsjaal nivo (lânskippen) en in lokaal nivo (gemeenten).

Lânskippen

Sûnt de weryndielings fan 1997/1998 hat Finlân 19 lânskippen (Finsk: maakunta; Sweedsk: landskap). De wichtichste taak fan dizze lânskippen is de regionale planning en it ûntwikkeljen fan bedriuwichheid en ûnderwiis. Ek de soarch falt foar in grut part ûnder de ferantwurdlikens fan de lânskippen.

Gemeenten

De lânskippen binne fierder opdield yn 311 gemeenten dy't ferantwurdlik binne foar de measte saken dy't te krijen ha mei de wolfeart fan it lân. Ynfrastruktuer, romtlike oardening, hânhaving, ekonomyske ûntwikkeling en sosjale foarsjennings binne dêr inkelde foarbylden fan.