It Bûtefjild: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
red
Rigel 2:
It '''Bûtenfjild''' is in natoergebiet dêr't it [[Ottema-Wiersmareservaat]], [[Oer de Wiel]], de [[Sippen-finnen]], [[d’Amelannen]], de [[Bouwepet]], [[Japmuoiskolk]] en [[Swarte Broek]] diel fan binne.
 
It Bûtenfjild, fanâlds de namme fan it gebiet tusken [[Feanwâlden]], [[De Falom]] en [[Readtsjerk]], bestiet út wiete, skrale greiden, broekbosken, ferlâne [[petgat]]ten, iepen wetterplassen, grutte reid- en rûchtefjilden en in streamdal fan in âld rivierke. Doe't it streamdal ûntstie yn de foarlêste [[iistiid]] ( 150.000 oant 100.000 jier lyn ) binne in protte [[swerfkei]]en út [[Skandinaavje]] meikomd en yn dit gebiet lizzen bleaun.
 
Yn it gebiet komt de [[sulveren moanne]]flinter foar.
 
== Skiednis ==
Ea wie it Bûtenfjild in grut [[fean]]. Yn de [[15e iuw]] waard dêr [[turf]] wûn troch de [[Skiere Muontsen]] fan [[úthôf]] de [[Skierstins]], dy't by it kleaster [[Klaarkamp]] yn [[Rinsumageast]] hearde. Wat oerbleau wie in sompich lânskip. Yn de krisisjierren fan de 20e iuw oant en nei de [[Twadde Wrâldoarloch]] waard it Bûtefjild ûntgûn troch de N.V. Ontginningsmaatschappij De Drie Provinciën. Under oaren tankzij de doetiidske eigners, de hearen Ottema en Wiersma, is in grut part fan it natuergebiet sparre bleaun en hat it no de status fan reservaat. It dielgebiet 'd'Amelannen' waard troch [[ruilferkaveling]] krigen. It part 'Oer de Wiel' is koartlyn werombrocht yn de oarspronklike wiete tastân.
 
== Dielgebieten ==