Stjelp: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 8:
De stjelppleats makke fral yn de twadde helte fan de [[19e iuw]] opgong, sadat it úteinlik it meast foarkommende type pleats waard yn Fryslân. De stjelp waard beskôge as in foarútgong yn de pleatsbou.<ref>J.A. Mulder, [http://www.friesgenootschap.nl/artikelen/mulder.htm ''Het huis als kenmerk van materiële cultuur van de Friese boerenelite. Een terreinverkenning''] op it webstee fan It Keninklik Frysk Genoatskip foar Skiednis en Kultuer, 2003</ref>
 
By de stjelp sitte de wendielen en de molkkelder direkt efter de foargevel, en boppe de molkkelder sit de [[opkeamer]]. De opset fan de skuorre is frijwat itselde as by de kop-hals-romppleats, allinne rint de kowestâl meast net oer de hiele lingte om't er opkeard wurdt troch it wengedielte dat de hiele breedte fan it gebou ynnimt.
 
Ek letter yn de [[20e iuw]] waarden noch stjelpen set, mar doe faak mei harkenielen foar de souderkeamers.