Lûdsfilm: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Filmke
Rigel 1:
[[File:Gaumont1902.jpg|right|thumb|250px|In poster út [[1908]] dy't [[reklame]] makket foar de lûdsfilms fan 'e [[Frankryk|Frânske]] [[filmstudio]] [[Gaumont]].]]].
[[File:Heer_Hamburger_spreekt_over_geluidsjournaal_Polygoon_Opdrachtfilm_-_Open_Beelden_-_42786.ogv|right|thumb|250px|[[Polygoonsjoernaal]], 1931. [[David Hamburger]] jr., foarsitter fan de ''Nederlandse Bioscoopbond'', oer it lûdsfilmsjoenaal dat it yn't plak fan it stomme ''Hollands Nieuws'' komme soe]]
In '''lûdsfilm''' is in [[film]] mei [[syngronisaasje|syngronisearre]] [[lûd]], of mei lûd dat nei it meitsjen fan 'e [[byld]]opnames [[technology]]sk oan 'e film fêstmakke is. It is it tsjinstelde fan in [[stomme film]], dêr't gjin lûd by sit. De ierst bekende fertoaning fan in lûdsfilm fûn al yn [[1900]] plak yn [[Parys]], mar der giene [[desennia]] oerhinne ear't de [[technology]] safier wie dat it foar [[filmstudio's]] ek [[kommersje]]el útkoe om lûdsfilms te meitsjen. It wie dreech om in betroubere syngronisaasje te berikken mei de iere [[lûd-op-plaat]]systemen, en de kwaliteit fan 'e lûdsopname en de fersterking wiene yn 't earstoan ek net goed genôch. Dat waard allegear feroare troch technologyske [[ynnovaasje]]s, sadat it njonkelytsen mooglik waard om lûd fan in goede kwaliteit oan byld te keppeljen foar in [[priis (kosten)|priis]] dy't leech genôch wie om noch [[winst]] te meitsjen. Dat waard foar it earst mei [[koarte film]]s dien yn [[1923]].