Meter: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red, der sitte fêst noch mear bonkjes yn
Rigel 9:
De definysje fan in meter is yn de rin fan de tiid in stik as wat kearen feroare, omdat troch de ûntwikkeling fan de wittenskip de beskikbere mjitmetoaden krekter waarden as de oant dan ta brûkte standertdefinysje. Dat de meter sels is (op wat útsûnderings nei) net feroare, mar krekter makke.
 
Hjirûnder stiet in kronologyskgronologysk oersjoch fan de skiednis fan de meter:
 
=== 1675 ===
[[Ofbyld:Kilometre definition.svg|thumb|right|In betide definysje fan 'ede meter wie ien miljoenste fan' e de ôfstân fan 'ede poal nei de [[evener]].]]
De [[Itaalje|Italjaan]] [[Tito Livio Burattini]] publisearre yn dit jier1675 de ''Misura Universale'', in wurk wêryndêr't hyer de meter yn fêstleit op de lingte fan in [[slinger (natuerkunde)|slinger]] dy’t beweecht mei in heale perioade fan 1 [[sekonde]]. DitDat is neffens de hjoeddeiske noarm likernôch 993,9 [[milimeter|mm]].
 
=== 1791 ===
De meter waard yn [[1791]] definiearre troch de [[Académie des Sciences|Frânske Akademy fan Wittenskippen]], as it tsienmiljoenste part fan de ôfstân fan de [[noardpoal]] oant de [[evener]], mjitten op seenivo, lâns de [[meridiaan (geografy)|meridiaan]] fan [[Parys]]. [[Jean-Baptiste Joseph Delambre]] en [[Pierre Méchain]] fierden mjittingsmjittingen út. Salang't de mjittingsmjittingen noch net ree wienen waard der in foarriedich model brûkt as standert.
 
=== 1799 ===
Nei’t yn [[1798]] de meridiaanmjitting ree wie waard yn [[1799]] in nije standert fêstlein, no neffens de krekt bepaalde meridiaanlangte. DizzeDy “mètre''mètre des Archives”Archives'' is makke fan [[platina]]. Doe’t dizzedy letter 0,2 mm te koart blykte te wêzen troch in rekkenflater yn de [[ôfplatting fan de ierde]] waard de standert net wizige.
 
=== 1889 ===
[[Ofbyld:Platinum-Iridium meter bar.jpg|thumb|right|250px|''Ynternasjonaal prototype fan de meter, in stêf fan platinum-iridium. It wie de standert oant 1960.'']]
 
Yn [[1875]] rjochte de ynternasjonale Metergearkomste (''Convention du Mètre'') in permanint [[Ynternasjonaal Buro foar Maten en Gewichten]] (''Bureau International des Poids et Mesures'') op yn [[Sèvres]]. In nije standertmeter waard makke. Op de earste CGPM (''Conférence Générale des Poids et Mesures''; Algemiene gearkomste foar gewichten en maten) waard yn [[1889]] de meter definiearre as de ôfstân tusken twa ynkepings op in stêf fan 90% platina en 10% [[iridium]], de saneamde X-meter, dy’t yn Sèvres bewarre wurdt. De opset wie in skerper definiearre meter te krijen, de langte waard net feroare.
 
=== 1960 ===
Hja bleaunen sykjen nei middelsmiddelen dy’t in skerperesekuerdere definysje mooglik makken. De oplossing waard fûn yn de [[golflingte]] fan it [[ljocht]] fan in beskate strielingsboarne, dy’t mei de help fan [[ynterferometry]] krekt bepaald wurde kin. Nei ferskate strielingsboarnen ûndersike te hawwen, kaam men yn [[1960]] ta de nijkommende definysje: de meter is de langte lyk oan 1.650.763,73 golflingten yn fakuüm fan de strieling oerienkomstich mei de net-fersteure oergong tusken de tastannen 2p10 en 5d5 fan it atoom [[krypton]]-86.
 
=== 1983 ===
Yn [[1983]] is de CGPM op de hjoeddeiske definysje mei de [[ljochtmjitting]] oergong. De reden hjirfoardêrfoar lei yn it feit dat [[tiidmjitting]] doe in stik krekter mooglik wurden wie troch it gebrûk fan [[atoomklok]]ken. In foardiel is no dat de meter yn elts natuerkundich laboratoarium produsearre wurde kin.
 
Mei de hjoeddeiske definysje is ek de wearde fan [[ljochtsnelheid]] fêstlein op de op dat stuit meast krekte mjitten wearde. Sûnt dat stuit beynfloedzje mjittings fan de ljochtsnelheid de grutte fan de meter. De ljochtsnelheid yn fakuüm is no mei definysje krekt 299.792.458 meter de sekonde.