Ferskil tusken ferzjes fan "Boeing 747"

1.057 bytes grutter ,  1 jier lyn
wer in stikje derby
(Dat is er ek)
(wer in stikje derby)
=== 747-300 ===
De 747-300 hie in boppeferdjipping dy't mear as 7 meter langer wie as dy fan de 747-200. Ek wie de trep nei boppe ta net langer in spiraaltrep mar in rjochte. Troch inkelde aerodynamyske feroarings koe de 747-300 krekt wat hurder fleane as de eardere farianten. It tastel fleach foar it earst op 5 oktober 1982 en waard foar it earst ôflevere op 23 maart 1983. Yn septimber 1990 waard de lêste 747-300 ôflevere oan [[Sabena]].
 
=== 747-400 ===
De 747-400 is in ferbettere fariant mei in grutter berik. De úteinen fan de fleugels hawwe saneamde 'winglets', dy't it brânstofferbrûk mei fjouwer persint werombringe. De cockpit is flink fernijd, wêrtroch't it tredde bemanningslid net langer nedich is. Fan de 971 knopkes en meterkes binne der noch 365 oer. De earste keaper fan de 747-400 wie Northwest Airlines en yn febrewaris 1989 fleach it tastel foar it earst. De lêste passazjiersferzje fan de 747-400 waard yn april 2005 ôflevere oan China Airlines.
 
=== 747-8 ===
Yn novimber 2005 waard de 747-8 oankundige. It tastel produsearret minder lûd en is better foar it miljeu. De romp is 5,6 meter langer as dy fan de 747-400 en de motoaren binne fan it type ''General Electric GEnx-2B67''. De passazjiersferzje hat in stuolkapasiteit fan 467 yn in konfiguraasje mei trije ferskillende klassen en hat in berik fan mear as 15.000 kilometer. De earste testflecht waard útfierd op 20 maart 2011 en yn maaie 2012 wie Lufthansa de earste maatskippij dy't it tastel yn tsjinst naam.
 
[[Kategory:Amerikaanske ferkearsfleanmasine]]
1.224

bewurkings