Loftferkearslieding Nederlân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mathys1995 (oerlis | bydragen)
nij
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 2 mrt 2019 om 16.20

Loftferkearslieding Nederlân, ôfkoarte ta LVNL, is de ynstânsje dy't de loftferkearslieding oan boargerloftferkear yn it Nederlânske loftrom fersoarget. De taken fan LVNL binne fêstlein yn de Wet loftfeart. Sûnt 1 maaie 2016 is Michiel van Dorst algemien direkteur fan de organisaasje.

De westlike ferkearstoer op lofthaven Skiphol.

Fêstigings

Benjonken it haadkantoar op Skiphol-East hat LVNL ferskate fêstigings op de lofthavens dêr't hja de loftferkearslieding fersoarget. Twa ferkearstuorren steane op Skiphol en de oare binne te finen op Rotterdam The Hague Airport, Groningen Airport Eelde en Maastricht Aachen Airport.