Ferskil tusken ferzjes fan "Fean"

3.766 bytes grutter ,  1 jier lyn
gjin bewurkingsgearfetting
[[Ofbyld:Glittenberger Moor.jpg|thumb|left|500px|It "Heidemoor", [[Nedersaksen]]]]
[[Ofbyld:Hautes-Fagnes.jpg|thumb|250px|De Hege Feanen yn Belgje.]]
[[Ofbyld:Bargerveen.jpg|thumb|250px| Fean yn Bargerfean ([[Boertanger Fean]])]]
[[Ofbyld:Moorverbreitung.png|250px|thumb|right| Feanen binne op de hiele ierde te fienen]]
 
==== Leechfean ====
[[Leechfean]] wurdt foarme ûnder ynfloed fan it pleatslike grûnwetterpeil, dat ornaris ryk oan fiedingsstoffen is. Gauris is yn leechfean opsteapeljen fan ferskillende lagen te sjen.<br/>
*''Limnysk fean'' wurdt ûnder de wetterspegel foarme.
*''Telmatysk fean'' wurdt om de wetterspegel hinne foarme.
*''Terrestrysk fean'' wurdt krekt boppe de wetterspegel foarme.
Yn de lêste faze komt it fean heech genôch te lizzen dat it him fan it pleatslike grûnwetter ôfsûnderet. Dêrby ûntstiet fersoering en it foarmjen fan heechfean ûnder ynfloed fan fiedselearm reinwetter.
 
==== Heechfean ====
[[Heechfean]] ûntstie ûnder ynfloed fan reinwetter en is dus tige fiedselearm. It wichtichste part is feanmoas (''Spaghum''), dat in soad wetter opnimme kin, en yn opsette tastân út mear as 90 persint wetter bestean kin. It kin boppedat yn in soer miljeu waakse, dat ûntstien is om't reinwetter sels in licht soertegraad hat.<br/>
It heechfean kaam benammen op de Nederlânske sângrûnen op grutte skaal foar. It is lykwols foar in grut part ôfgroeven yn it ramt fan it winnen fan turf foar de brânstof.
Oerbleaune heechfeangebieten binne bygelyks it [[Fochtelerfean]] by [[Fochtel]] en bûten Fryslân it [[Bargerfean]] by [[Schoonebeek]] yn [[Drinte]] en de [[Grote Peel]] yn [[Noard-Brabân]].
De boppeste laach (40-50 sm) wurdt ''[[bonkierde]]'' neamd en is net gaadlik en meitsje dêr turf fan. De bonkierde waard yn Fryske, Grinslânske en Drintske feanterijen mingd mei sângrûn, dy't nei it ôfgraven fan it fean te sjen wie, en foarme de saneamde [[dellinggrûn], dy't mei goed bedongjen en ûntwetterjen in reedlike lânbougrûn makket.<br/>
De ûnderste laach (30-40 sm) wurdt ''darchfean'' neamd en befettet in soad [[feanhout]]. Dat binne woartels en dielen fan stammen fan beammen dy't yn it fean as resten noch oanwêzich binne.
 
==== Understrûpt heechfean ====
Hjoed-de-dei wurdt it ûnderskaat fan it fean, makke nei de hjoeddeiske lizzing neffens it grûnwetterpeil, noch hieltyd oanholden. Ynearsten tocht men dat it fean, dat op de lege grûnen yn it westen en noarden fan Nederlân lei, as leechfean ûntstien waard. Om 1930 hinne blykte lykwols dat in soad fan dat fean as feanmoasfean, dat troch it lettere ferheegjen fan it grûnwetterpeil ûnderstrûpt waard. It ûnderskaat, dat wiete feanterij de feanterij fan leechfean, en drûge feanterij de feanterij fan heechfean wie, blykte in fersin te wêzen.
 
=== Underskaat neffens fiedselrykdom ===
Neffens de fiedselrykdom kin men it ûnderskaat meitsje yn:
*[[Eutroof fean]], fiedselryk fean dat ûntstien is troch wetter dat slib oanfierde troch rivieren of de see (leechfean). Dat fean bestiet út resten fan beammen, sa as bygelyks [[Els|els]], [[wylch |wylch]] en [[popelier]], en [[reid]]. Yn djipper wetter kaam reid it measte foar.
*[[Mesotroof fean]], reedlik fiedselearm fean. [[Sigge]] komt it measte foar.
*[[Oligotroof fean]], fiedselearm fean dat troch reinwetter fieden waard (heechfean). Dat fean bestiet benammen út deade en libjende feanmoazen.
 
=== Planten dêr't fean út ûntstien is ===
Fean wurdt ek ûnderskaat yn wêr't it fean út ûntstien is. De ferskillende soarten binne tekenjend foar fiedselrykdom en wetterdjipte op it stuit fan it foarmjen fan it fean:
*''Reidfean''; fean dat ûntstien is út resten fan reid en oare wetterplanten. Reidfean kin ûntstean yn swiet oant sâlt, fiedselryk miljeu en oant likernôch twa meter ûnder it grûnwetterpeil.
*''Siggefean''; fean dat bestiet út resten fan sigge. Siggefean kin ûntstean yn swiet, reedlik fiedselryk miljeu fan om it grûnwetterpeil hinne oant in heale meter ûnder it grûnwetter.
*''Boskfean'': fean dat bestiet út resten fan hout sa as bygelyks fan de els, wylch en popelier. Boskfean kin ûntstean yn swiet, fiedselryk miljeu om it grûnwetterpeil hinne.
*''Feanmoasfean''; fean dat út resten fan feanmoas bestiet. Om't feanmoas in soad wetter opnimme kin, kin it heechfean boppe it pleatslike grûnwetterpeil útwaaksen bliuwe. Dêrtroch stiet it ûnder ynfloed fan reinwetter dat tige soer en fiedselearm is.
 
== Feangebieten yn Fryslân ==
=== Heechfean ===
*[[Fochtelerfean]]
 
=== Leechfean ===
*[[Brandemar (Weststellingwerf)]]
*[[De Deelen]]
*[[Grutte Wielen]]
*[[Linde|Lindedelling]]
*[[Nasjonaal Park De Alde Feanen]]
*[[Rottige Meente]]
 
== Floara en fauna ==
2.597

bewurkings