Robert Owen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
 
Rigel 6:
 
Doe't Robert seisentweintich wie boaske hy mei Caroline Dale waans heit in grutte weverij hie yn New Lanark. Robert naam nei in skoft de weverij oer en begûn alles op te knappen. Der wurken 1500 à 2000 minsken, wêrfan 500 bern. De wurkomstannichheden wienen min: de fentilaasje wie striemin wêrtroch't de minsken altyd koartamich wienen en de wurkdagen wienen lang tsjin lege leanen. De bern dy't der wurken wienen net of hast net oplieden. Dêrom betocht Robert wat nijs foar dizze bern: hy liet se learling-wever wurde en lei de ferantwurdlikheid by harren learmasters. Mar dit late yn it earstoan net ta resultaat wêrtroch't de libbensomstannichheden fan learlingen min bleaunen. Ek de omstannichheden fan de arbeiders wienen beroerd en it alkoholmisbrûk lei heech.
[[Ofbyld:New Harmony, byIndiana, por F. Bate (View of a Community, as proposed by Robert Owen) printed 1838Bates.jpg|thumb|300px|<small>''{{en|"A bird's eye", oansjen fan de mienskip yn New Harmony, Indiana, United States, foarsteld troch Robert Owen. Tekening F. Bate, London 1838.''</small>}}]]
[[Ofbyld:Robert Owen's grave at the old parish church, Newtown (1294062).jpg|280px|thumb|300px]]
Robert woe in eksperimint begjinne, mar moast dêrfoar it betrouwen hawwe fan de arbeiders. Dit krige hy doe't de Amerikanen gjin katoenfezels mear leveren. De weverij lei 4 moannen stil, mar Robert Owen betelle syn arbeiders gewoan troch. Hjirmei hie hy in soad betrouwen wûn en no koe hy begjinne mei syn eksperimint. As earste besocht hy de wurkdagen te ferkoartsjen fan 13 nei 10 oere. Mar dit waard ûnder druk fa syn partners opkeard, de wurkdei waard krekt oarsom ferlinge nei 14 oeren deis. Mar oare herfoarmingen hienen mear súkses, want der waard in minimumleeftyd ynfierd. Dizze wie minimaal 10 jier en alle bern út de omkriten waarden oannomd. Hy liet ek de arbeidershuzen opknappe en liet de strjitten betegelje. Der waard in kosteleaze skoalle iepene. Hy betocht ek noch in systeem om it gedrach te ferbetterjen: Hy makke buordsjes (silent monitors) yn ferskillende kleuren swart= min, blau = ûnferskillich, giel = goed, en wyt = treflik. Nei in skoftke wienen der allinnich mar giele en wite buordsjes!