Georg Wolfgang Carel Duco thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg (1813-1891): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: Mr. '''Georg Wolfgang Carel Duco thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg''' (Ljouwert, 17 maaie 1813 - Velp, 15 desimber 1891), grytman en dê...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 7 mrt 2019 om 19.19

Mr. Georg Wolfgang Carel Duco thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg (Ljouwert, 17 maaie 1813 - Velp, 15 desimber 1891), grytman en dêrnei boargemaster fan Haskerlân.

Georg Wolfgang wie in soan fan Georg Frederik thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg en Henriëtta Wilhelmina Rengers. Yn 1844 waard hy yn Berltsum oansteld as plakferfangend kantonrjochter en waard dêrnei beneamd as grytman fan Haskerlân.

Hy troude yn 1848 mei Juliana Agatha barones Rengers, in dochter fan de gûverneur fan Grins. Syn frou en de 3 bern binne allegearre jong ferstoarn. Hy is 10 jier letter op ‘en nij boaske mei Friederike Emilie Schöle (East Fryslân, 1833 - Assen, 1923), de gûvernante fan syn ferstoarne dochterke Henriëtte. Hja krigen 3 bern. Yn 1877 is de húshâlding nei it Gelderske Velp ferhûze en wennen dêr op filla “Urbana”.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: