Fokker F.II: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L image
L →‎Fokker F.II by KLM: mei doel ferwize
 
Rigel 39:
 
==Fokker F.II by KLM==
Nei't [[KLM]] maaie 1920 har earste linetsjinst mei in leased fleantúch iepene hie tusken [[Skiphol]] en [[Londen]] ûntstie der by de doetiidske direkteur, [[Albert Plesman]] rillegau it ferlet fan eigen masines. Hy keas de Fokker F.II. Hy bestelde july [[1920]] 2 masines foar it bedrach fan 45.000 [[gûne]]. De H-NABC en de H-NABD waarden op [[25 augustus]] [[1920]] oerdroegen. Op [[30 septimber]] wie de earste kommersjele flecht; in retourflehtretourflecht tusken Skiphol en Londen. Oan board wiene neist de fleander, Plesman sels, in sjoernalist en in grûndwurktúchkundigegrûnwurktúchkundige.
 
De F.II's joegen fuortendaliks wriuwing tusken Plesman en [[Anthony Fokker|Fokker]]. Dy lêste wie al út ein set mei de bou fan de [[Fokker F.III]] wêrfan't KLM der 8 bestelde. Plesman woe syn F.II's graach ynruilje. Fokker woe dat net. De F.II's bleaune sadwaande ek nei de levering fan de F.III's yn tsjinst by KLM (al waarden se mar út en troch ynset). Yn [[1927]] waarden se trochferkocht oan it Belgyske [[Sabena]].
 
==Brûkers==