Utertske Heuvelrêch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wwikix (oerlis | bydragen)
-kat
plaatsje fergrutte
Rigel 3:
 
Yn it súdeasten grinzet de heuvelrêch oan de delling fan de Nederryn. Dêr leit de 52 m. hege Grebbeberch dêr't yn 1940 de Slach om 'e Grebbeberch tusken it Nederlânske en Dútske leger útfochten waard. It heechste punt fan de heuvelrêch is de Amerongske Berch (68 m.). Yn it noarden rint de heuvelrêch oan de iggen fan de [[Goaimar]] (“Gooimeer”) ta.
[[Ofbyld:Utrechtse Heuvelrug vanaf Elsterberg.jpg|thumb|left|De Utertske Heuvelrêch sjoen fan de Elsterberch ôf.]]
De Uterske Heuvelrêch bestiet foar in grut part út bosken. Dêrneist binne der in tal heidegebieten en stosânen. It gea is sa'n 230 km² grut. Dêrtroch is de Utertske Heuvelrêch nei de [[Feluwe]] it twadgrutste boskgebiet fan Nederlân.
 
Line 9 ⟶ 8:
 
Nei de lêste iistiid rekke it gebiet beboske. Nei ferrin fan tiid kaam der mear bewenning yn it gebiet. De eardere bewenners kapten de bosken fuort en bebuorken it lân. Sa waard de Utertske Heuvelrêch in gebiet fan sân en heide. Yn de 19e en 20e iuw waarden grutte dielen fan de heuvelrêch op 'e nij beboske.
[[Ofbyld:Utrechtse Heuvelrug vanaf Elsterberg.jpg|thumb|left|550px|De Utertske Heuvelrêch sjoen fan de Elsterberch ôf.]]
 
It súdlike part fan de heuvelrêch is yn it jier 2003 nasjonaal park wurden. It Nasjonaal Part Utertske Heuvelrêch is sa'n 6000 ha. grut en beslacht rûchwei it diel fan de heuvelrêch dat súdlik fan de sneldyk A12 leit.