Clint Eastwood: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+ jonkheid & oplieding, begjin karriêre
+ mear iere jierren karriêre
Rigel 33:
====Iere jierren====
Wylst Eastwood legere wie yn Fort Ord, waarden dêr op in stuit opnamen makke foar in produksje fan [[Universal Studios]]. In assistint, neffens Eastwood syn offisjele [[biografy]] in Chuck Hill, dy't sels ek yn Fort Ord legere wie mar kontakten yn [[Hollywood]] hie, nûge Eastwood doe út om yn 'e kunde te kommen mei de [[regisseur]]. Dat wie de earste kear dat Eastwood yn oanrekking kaam mei de [[filmyndustry]]. It spriek him wol oan, en nei't er syn tsjinstplicht ferfolle hie, sette er nei [[Los Angeles]] ta, dêr't er Hill wer opsocht. Dyselde smokkele him it [[filmstudio]]kompeks fan Universal binnen en stelde him foar oan [[kameraman]] [[Irving Glassberg]], dy't him in [[audysje]] besoarge by regisseur [[Arthur Lubin]]. Lubin wie tige ûnder de yndruk fan Eastwood syn uterlik en syn lingte fan 1.93 [[meter|m]], mar hy wie min te sprekken oer syn feardichheden op it mêd fan [[aktearjen]]. Dêrom rette er him oan om earst mar ris aktearlessen te folgjen, wêrnei't er him yn [[april]] [[1954]] in [[kontrakt]] oanbea foar [[$]]100 yn 'e [[wike]]. Foar syn earste lytse [[rol]]tsjes krige Eastwood in protte [[krityk]] om syn stive manear fan aktearjen en om't er syn [[tekst]]en útspriek suver sûnder dat er de [[tosk]]en faninoar die, wat neitiid beide libbenslange hannelsmerken fan him waarden.
 
Yn [[maaie]] [[1954]] hie Eastwood syn earste echte [[audysje]], foar in rol yn 'e film ''Six Bridges to Cross'', mar hy waard ôfwiisd troch regisseur [[Joseph Pevney]]. Nei om 'e nocht op ferskate oare audysjes gien te wêzen, bemachtige er úteinlik in lyts [[rol]]tsje as in [[laboratoarium]]analist yn 'e [[horror]]film ''Revenge of the Creature'' ([[1955]]), fan regisseur [[Jack Arnold (regisseur)|Jack Arnold]], dat in ferfolch wie op it bekendere ''The Creature from the Black Lagoon''. Hy hie ek in lyts roltsje as de lieder fan in [[strieljager]]squadron yn in oare horrorfilm fan Jack Arnold, ''Tarantula'' ([[1955]]). Yn [[septimber]] [[1954]] wurke Eastwood trije wiken lang mei oan ''Lady Godiva of Coventry'' ([[1955]]), fan Arthur Lubin, en yn [[febrewaris]] [[1955]] hied er in lytse rol yn 'e film ''Francis in the Navy'', oer it [[spraak|pratende]] [[mûldier]] Francis. Dêrnei hied er yn [[maaie]] [[1955]] fjouwer oeren wurk oan in lytse rol yn 'e film ''Never Say Goodbye'', en datselde jier spile er ek in [[cowboy]] yn syn earste [[westernfilm]] ''Star in the Dust''.
 
Op [[2 july]] [[1955]] liet Universal Eastwood foar it earst op 'e [[tillefyzje]] spylje, yn 'e [[tillefyzjesearje|searje]] ''Allen in Movieland'', mei û.o. [[komyk]] [[Steve Allen]], [[akteur]] [[Tony Curtis]] en [[muzikant]] [[Benny Goodman]]. Hoewol't Eastwood dúdlik foarútgong boekte yn syn ûntwikkeling as akteur, beëinige Universal syn kontrakt op [[23 oktober]] [[1955]]. Neitiid skreau Eastwood him yn by it [[ympressariaat]] Marsh Agency, en hoewol't Lubin him syn grutste rol oant doe ta joech yn 'e film ''The First Traveling Saleslady'' ([[1956]]), en him letter ek oannaam foar in rol yn ''Escapade in Japan'' ([[1957]]), wie it yn dy snuorje foar Eastwood dreech om [[jild|finansjeel]] troch de tiid te kommen. Op oanrieden fan [[Irving Leonard (finansjeel adviseur)|Irving Leonard]], syn [[boekhâlder]], stapte Eastwood yn [[1956]] oer nei it Kumin-Olenick Agency, en yn [[1957]] nei it ympressariaat fan [[Mitchell Gertz]]. Hy hie yn dy tiid ferskate lytse rollen op 'e tillefyzje, as in lid fan in [[motorbinde]] yn in [[ôflevering]] fan ''Highway Patrol'', as in [[kadet (learling)|kadet]] oan 'e [[Amerikaanske Militêre Akademy]] yn in ôflevering fan ''The West Point Story'', en as in [[goudsiker]] mei [[selsmoard]]nigings yn seis ôfleverings fan ''Death Valley Days''.
 
Yn [[1958]] fertolke Eastwood de rol fan in [[luitenant-op-see]] yn in ôflevering fan 'e rige ''Navy Log'', en begjin [[1959]] wied er te sjen yn 'e [[gastrol]] fan in [[leffens|leffe]] [[antagonist|smjunt]] dy't inkeld mei in [[rykdom|ryk]] [[fanke]] trouwe wol om har [[jild]], yn 'e [[westernsearje]] ''Maverick'', as [[tsjinspiler]] fan [[James Gardner]]. Fierders hied er yn [[1958]] in lyts roltsje yn 'e [[Frankryk|Frânske]] [[film]] ''Lafayette Escadrille'', en spile er datselde jiers in wichtige rol as âld-[[militêr]] fan 'e [[Konfederearre Steaten fan Amearika]] yn 'e western ''Ambush at Cimarron Pass''. Eastwood fertelde letter dat er dat in freeslike film fûn en dat er syn eigen oandiel dêroan as it abslute djiptepunt fan syn aktearkarriêre beskôge.
[[File:Clint Eastwood-Rawhide publicity.JPG|left|thumb|200px|Clint Eastwood yn 'e rol fan Rowdy Yates yn ''Rawhide'' ([[1961]]).]]