Clint Eastwood: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+ trochbraak
+ oare iere súksessen
Rigel 54:
 
De ''Dollars''-trilogy fan Leone kaam yn 'e [[Feriene Steaten]] pas yn [[1967]] yn 'e [[bioskopen]]: ''A Fistful of Dollars'' op [[18 jannewaris]], ''For a Few Dollars More'' op [[10 maaie]], en ''The Good, the Bad and the Ugly'' op [[29 desimber]]. Alle trije krigen se minne [[filmkrityk|kritiken]], en alle trije waarden se nettsjinsteande dat in [[kommersje]]el súkses. Dat wie yn 't bysûnder sa mei ''The Good, the Bad and the Ugly'', dy't yn 'e Feriene Steaten úteinlik $8 miljoen [[opbringst|opbrocht]] en fan Eastwood in wiere filmstjer makke. Dêrtroch krige er ek rollen yn Amerikaanske films oanbean. Mei it jild dat Eastwood fertsjinne hie oan 'e ''Dollars''-trilogy holp syn [[boekhâlder]] [[Irving Leonard (finansjeel adviseur)|Irving Leonard]] him om syn eigen [[filmstudio]] op te rjochtsjen, dy't Eastwood de namme [[Malpaso Productions]] joech, nei de [[Malpaso Creek]], in [[beek]]je dat troch lân streamde dat er besiet yn [[Monterey County (Kalifornje)|Monterey County]], yn [[Kalifornje]]. Eastwood syn folgjende film wie de [[westernfilm|western]] ''Hang 'Em High'' ([[1968]]), dêr't er in man yn spile dy't troch [[figilante]]s [[lynchen|lyncht]] wurdt, mar it oerlibbet en dan [[marshal]] wurdt om 'e [[wet]] te brûken en nim [[wraak]] op syn fijannen. Dêrmei fertsjinne wer $400.000 plus 25% fan 'e opbringst yn 'e bioskopen.
 
====Oare iere súksessen====
Foar't ''Hang 'Em High'' útkaam, wie Eastwood al begûn mei wurk oan syn foljgende film, ''Coogan's Bluff'' ([[1968]]), oer in [[helpsheriff]] út [[Arizona]] dy't (yn 'e moderne tiid) in sochte [[psychopaat|psychopatyske]] [[krimineel]] efterfolget troch de stritten fan [[New York (stêd)|New York]]. Foar dy film krige er in [[salaris]] fan $1 miljoen útbetelle. Mei de regisseur fan ''Coogan's Bluff'', [[Don Siegel]], sleat Eastwood in [[freonskip]] dêr't fiif oare films út fuortkomme soene. Ek kaam Eastwood op 'e set fan ''Coogan's Bluff'' yn 'e kunde mei de [[Argentynje|Argentynske]] [[komponist]] [[Lalo Schifrin]], dy't letter de [[jazz]]-eftige [[filmmuzyk]] foar ferskaten fan syn films út 'e [[1970-er jierren|1970-er]] en [[1980-er jierren]] skriuwe soe. Hoewol't ''Coogan's Bluff'' kontroversjeel wie fanwegen de werjefte fan [[geweld]], wie de film hiel súksesfol. De trêde film fan Eastwood dy't yn [[1968]] útkaam, wie de [[oarlochsfilm]] ''Where Eagles Dare'', nei it boek mei deselde namme fan [[Alistair MacLean]], wêryn't in [[Alliëarden|Alliëard]] [[kommando]]team in [[Gestapo]]basis yn 'e [[Alpen]] ynfiltrearret en dan ûntdekt dat harren team sels troch de [[nazy]]s ynfiltrearre is. Yn ''Where Eagles Dare'' hie Eastwood [[Richard Burton]] as tsjinspiler. Hy fertsjinne mei syn rol fan 'e Amerikaanske [[luitenant]] Schaffer $750.000.
[[File:Clint Eastwood1.png|left|thumb|300px|Clint Eastwood as de Man sûnder Namme yn ''For a Few Dollars More'' ([[1965]]).]]
 
Dêrnei besocht Eastwood wat nijs, troch yn [[1969]] yn 'e iennichste [[musical]] út syn karriêre te spyljen. Dat wie ''Paint Your Wagon'', wêryn't hy en [[Lee Marvin]] [[goudsiker]]s yn it [[Wylde Westen]] spilen dy't tegearre ien fan 'e froulju ([[Jean Seberg]]) fan in [[mormoan]] oerkeapje. De produksje fan 'e musical waard pleage troch fertragings en min [[waar]], en koste úteinlik mear as $20 miljoen, wat foar dy tiid ekstreem djoer wie. Doe't er ienris útkaam, waard er troch de filmkritisy lau ûntfongen, en yn 'e bioskopen waard ''Paint Your Wagon'' likemin in súkses, hoewol't de film wol in nominaasje krige foar in [[Golden Globe]] yn 'e [[kategory]] 'bêste spylfilm (musical of komeedzje)'.
 
Yn [[1970]] hiene Eastwood en [[Shirley MacLaine]] de [[haadrol]]len yn 'e western ''Two Mules for Sister Sara'', ûnder rezjy fan Don Siegel. Yn dy film spile Eastwood in rouwe Amerikaanske [[hierling]] dy't troch de dieden fan in as [[prostituee]] ferklaaide [[non]] tsjin wil en tank belutsen rekket by in groep [[Meksiko|Meksikaanske]] [[opstanneling]]en ûnder de [[Frânske yntervinsje yn Meksiko|Juaristyske Rebûlje]] tsjin it bewâld fan [[keizer]] [[Maksimiliaan I fan Meksiko|Maksimiliaan I]]. Hoewol't de film midsmjittige resinsjes krige, stiet er wol deeglik op 'e list fan 'e 1.000 bêste films aller tiden fan ''[[The New York Times]]''. Letter yn [[1970]] wie Eastwood te sjen yn 'e yn [[Londen]] en [[Joegoslaavje]] opnommen [[oarlochsfilm]] ''Kelly's Heroes'', mei as tsjinspilers û.o. [[Donald Sutherland]] en [[Telly Savalas]]. Hja spilen leden fan in groep Amerikaanske soldaten dy't yn 'e [[Twadde Wrâldoarloch]] in skat oan [[goud]] fan 'e [[nazy-Dútslân|nazys]] [[dieverij|stelle]]. ''Kelly's Heroes'' wie de lêste film dêr't Eastwood yn spile, dy't net produsearre wie troch syn eigen studio Malpaso Productions.