Clint Eastwood: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+ mear karriêre
+ mear karriêre
Rigel 71:
Nei't [[Sean Connery]] oankundige hie dat er net wer [[geheim agint]] [[James Bond]] spylje woe, waard Eastwood oansocht foar dy rol, mar hy sloech it oanbod ôf om't er fûn dat Bond troch in [[Grut-Brittanje|Britsk]] akteur spile wurde moast. Syn folgjende film wie de western ''Joe Kidd'' ([[1972]]), nei in [[senario]] fan [[Elmore Leonard]]. Eastwood spile dêryn de [[titelrol]], dy't basearre wie 'e [[histoarysk]]e [[persoan]] fan [[Reies Lopez Tijerina]], dy't yn [[juny]] [[1967]] in [[gerjochtsgebou]] yn [[Tierra Amarilla (Nij-Meksiko)|Tierra Amarilla]] yn [[Nij-Meksiko]] bestoarme. De film krige in lauwe ûntfangst, hoewol't Eastwood syn aktearwurk oer it algemien priizge waard. Yn [[1973]] regissearre Eastwood syn earste westernfilm, ''High Plains Drifter'', dêr't er sels ek de [[haadrol]] yn spile. Dat wie de rol fan in mysterieuze frjemdling dy't in stedsje yn it [[Wylde Westen]] ynriidt en dêr troch de bewenners ynhierd wurdt om harren te beskermjen tsjin trije [[kriminelen]] dy't mei koarten út it [[tichthús (finzenis)|tichthús]] frijlitten wurde sille. It bliuwt ûnbeneamd oft de frjemdling no de [[broer]] is fan 'e [[helpsheriff]] dy't de trije kriminelen [[fermoarde]] hawwe, of de [[geast]] fan 'e helpsheriff sels. Gatten yn 'e [[plot]] fan 'e film folle Eastwood op mei [[swarte humor]] en [[allegory]], nei foarbyld fan Leone. De film krige mingde kritiken, mar die it yn 'e bioskopen poerbêst.
[[File:Clint_Eastwood-Holden-Breezy.jpg|left|thumb|220px|Clint Eastwood (l.) as [[regisseur]] op 'e set fan ''Breezy'' ([[1973]]), mei [[akteur]] [[William Holden]] (rj.).]]
 
De twadde film dy't Eastwood yn [[1973]] regisearre, wie ''Breezy'', in film oer de opbloeiende [[leafde]] tusken in [[man (sekse)|man]] yn syn [[middeljierren]] en in [[tiner]]famke. Sels wied er yn ''Breezy'' inkeld yn in [[kameo]]roltsje te sjen, omskreaun as 'man yn kloft folk op pier'. Op 'e set fan dizze film kaam Eastwood yn 'e kunde mei [[Sondra Locke]], in [[aktrise]] dy't wichtige rollen yn seis fan syn lettere films spylje soe en mei wa't er ek in [[relaasje (ynterpersoanlike bân)|relaasje]] krije soe. De froulike haadrol yn ''Breezy'' gie lykwols nei [[Kay Lenz]], om't Locke dêr mei 29 jier te âld foar wie. De film waard tige fluch en effisjint opnommen troch Eastwood en [[kameraregisseur]] [[Frank Stanley (kameraregisseur)|Frank Stanley]], sadat it projekt $1 miljoen útsparre op it [[budget]] en trije dagen earder klear wie as ferwachte. ''Breezy'' wie lykwols gjin súkses, hoewol't it ek wer gjin grutte flop wie, en it waard ien fan 'e ûnbekendere films fan Eastwood.
 
Nei't er klear wie mei ''Breezy'', wie Eastwood ree om fannijs de rol fan Harry Callahan te spyljen yn 'e ferfolchfilm op ''Dirty Harry''. Dat waard ''Magnum Force'' ([[1973]]), wêryn't Callahan op it spoar komt fan in groepke jonge, fan it paad rekke plysjeminsken yn San Francisco, dy't systematysk de minste kriminelen yn 'e stêd fermoardzje. Hoewol't de film it kommersjeel skoan die, mei in [[opbringst]] fan mear as $58 miljoen yn 'e Feriene Steaten allinnich al, moasten de [[filmkritisy]] der net folle fan hawwe. Yn [[1974]] spile Eastwood yn ''Thunderbolt and Lightfoot'', in lichtfuottige [[roadmovie]] oer de âlde [[bankrôver]] Thunderbolt (Eastwood) en dy syn jongere partner, de [[oplichter]] Lightfoot (spile troch [[Jeff Bridges]]). De film krige loovjende resinsjes, mar wist mar in beskieden bedrach binnen te swyljen yn 'e bioskopen. Eastwood stie yn ''Thunderbolt and Lightfoot'' yn it skaad fan Bridges, dy't foar syn rol nominearre waard foar in [[Oscar]] yn 'e kategory bêste [[manlik]]e [[byrol]]. Neffens de ferhalen soe it brekme oan erkenning foar himsels Eastwood ta [[razernij]] brocht hawwe. Ek soed er doe sward hawwe dat er nea wer foar filmstudio [[United Artists]] wurkje soe.
 
Eastwood syn folgjende film wie it troch himsels regissearre ''The Eiger Sanction'' ([[1975]]). Hy spile dêryn de rol fan Jonathan Hemlock, dy't oarspronklik foar [[Paul Newman]] bedoeld west hie. ''The Eiger Sanction'' is in [[spionaazjefilm]] oer in [[hiermoardner]] yn 'e tsjinst fan 'e [[oerheid]], dy't [[dosint]] oan in [[universiteit]] wurden is, mar yn syn âlde funksje weromkeart foar in lêste ''sanction'' (missy). As ûnderdiel dêrfan moat er ûnder nuodlike omstannichheden dielnimme oan in beklimming fan 'e noardkant fan 'e [[Eiger (berch)|Eiger]], in [[berch]] yn [[Switserlân]]. By wize fan tarieding foar syn rol liet Eastwood him ferskate wiken lang yn it [[Nasjonaal Park Yosemite]] traine troch profesjoneel [[berchbeklimmer]] [[Mike Hoover]], foar't de opnamen op lokaasje yn it Switserske [[Grindelwald]] begûnen. Nettsjinsteande alle warskôgings krige de [[filmcrew]] ferskate [[ûngelok (aksidint)|ûngelokken]], wêrby't ien persoan omkaam. Dochs stie Eastwood derop om sels al it klimwurk en alle [[stunt]]s te dwaan. Doe't ''The Eiger Sanction'' útkaam yn 'e bioskopen, kamen Eastwood-en-dy mei in opbringst fan $14,2 miljoen mar kwealk út 'e kosten. De filmkritisy fûnen der ek net folle oan. Eastwood sels joech de skuld fan it teloarstellende bioskoopbesyk oan [[distribúsje|distributeur]] [[Universal Studios]], dy't der mar wat mei de pet nei goaid hawwe soe wat de [[promoasje]]kampanje oangie. Hy kearde dêrop Universal foargoed de rêch ta en sleat ynstee in oerienkomst mei [[Warner Brothers]], dy't foargoed fan krêft bliuwe soe.
[[File:Film_shoot_for_The_Eiger_Sanction_in_Zurich_(10).jpg|right|thumb|230px|Clint Eastwood by in opname op lokaasje yn [[Zürich (stêd)|Zürich]] foar ''The Eiger Sanction'' ([[1975]]).]]