Skûtsjesilen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
B. (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
No edit summary
Rigel 3:
 
Al yn de [[19e ieu]] waard der Skûtsjesilen hâlden. lykas yn [[1820]] yn [[Snits]]. Yn dy tiid waard der fral syld as de boeren gjin fracht hiene en de skippers op dy wize faaks in jildpriis fertsjinje koenen. It wienen faak kastleins dy't in wedstriid útskreaunen, bygelyks as der merke wie, sadat nei ôfrin de priisútrikking yn it kafee hâlden wurde koe.
Mar yn de twadde helte fan de ieu kamen der clubs dy't it silen organisearren. Doe kaam ek it idee fan [[amateursport]] op, dus der waarden hast gjin wedstriden mear om jild útskreaun. Om't de skippers dan de tiid net misse koenen begûn de it tal fan meidoggers werom te rinnen.
 
Doe't yn de earste helte fan de [[20e ieu]] de [[frachtfeart]] motorisearre rekke, begûn ek it tal skûtsjes werom te rinnen. Yn de [[Twadde wrâldkriich|oarloch]] wie der al wer mear te dwaan foar skûtsjeskippers, om't der te min brânstof wie. Sa kaam der wer mear silerij en mei dêrtroch waard yn [[1945]] yn Sintrale Kommisje Skûtsjesilen (SKS) oprjochte.