Clint Eastwood: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+ mear karriêre
+ mear karriêre
Rigel 85:
Yn [[1978]] spile Eastwood foar it earst de haadrol yn in [[komeedzjefilm]], ''Every Which Way But Loose'', as Philo Beddoe, in knokkende [[frachtweinsjauffeur]] dy't yn it selskip fan syn [[broer]] (spile troch [[Geoffrey Lewis (akteur)|Geoffrey Lewis]]) en in nuete [[orang-oetan]] troch it westen fan 'e Feriene Steaten doarmet op 'e siik nei syn ferlerne leafde (op 'e nij spile troch Locke). De film die it ûnferwachte goed, en ûntjoech him ta de op ien nei meast opbringende film fan [[1978]] en Eastwood syn kommersjeel súksesfolste film oant doe ta. Yn [[1979]] sleat Eastwood de [[1970-er jierren]] ôf mei ''Escape from Alcatraz'', de lêste fan syn films dy't regisearre waard troch Don Siegel, dy't it poerbêst die by sawol kritisy as bioskooppublyk. It [[senario]] wie basearre op it histoaryske ferhaal fan [[Frank Morris (finzene)|Frank Lee Morris]], dy't yn 'e mande mei de [[bruorren]] [[John Anglin (krimineel)|John]] en [[Clarence Anglin]] yn [[1962]] ûntsnapte út 'e beruchte [[Federale Finzenis Alcatraz]], op it [[eilân]] [[Alcatraz|mei deselde namme]] yn 'e [[Baai fan San Francisco]].
[[File:Eastwood1981.jpg|left|thumb|150px|Clint Eastwood yn [[1981]].]]
 
====Jierren '80====
Yn [[1980]] regissearre Eastwood de film ''Bronco Billy'', dêr't er op 'e nij sels ek de titelrol yn fertolke, mei as tsjinspilers Locke, [[Scatman Crothers]] en [[Sam Bottoms]]. Sels omskreau Eastwood ''Bronco Billy'' letter as ien fan 'e oangenaamste opnames fan syn libben, en neffens syn [[biograaf]] [[Richard Schickel]] kaam dat alteast foar in part om't it personaazje fan Bronco Billy fan al syn rollen it tichtst yn 'e buert kaam by Eastwood syn eigen [[karakter]]. De kritisy fûnen de film moai, mar kommersjeel waard it ta [[teloarstelling]] fan Eastwood in flop. Letter datselde jiers spile Eastwood foar de twadde kear [[frachtweinsjauffeur]] Philo Beddoe, yn ''Any Which Way You Can'', it ferfolch op ''Every Which Way But Loose''. Dy film krige benammen minne kritiken, mar wie in grut súkses yn 'e bioskopen en hearde ta de top 5 fan meast opbringende films fan it jier.
 
Eastwood regissearre yn [[1982]] ''Honkytonk Man'', basearre op 'e [[roman]] mei deselde namme fan [[Clancy Carlile]]. Hy fertolke sels ek wer de haadrol, diskear fan 'e oan [[tuberkuloaze]] lijende [[country]]sjonger Red Stovall, dy't yn 'e [[Grutte Depresje]] fan 'e [[1930-er jierren]] mei muoite syn karriêre geande hâldt, mar dan einlings en te'n lêsten de kâns kriget op in trochbraak mei in [[optreden]] 'e [[Grand Ole Opry]] yn [[Nashville (Tennessee)|Nashville]]. Eastwood wurke yn 'e film gear mei syn eigen soan [[Kyle Eastwood|Kyle]], dy't Stovall syn jonge [[omkesizzer]] spile. De measte Amerikaanske filmkritisy wiene net wei fan 'e miks fan mylde [[humor]] en [[trageedzje]], en inkeld it [[tydskrift]] ''[[Time (tydskrift)|Time]]'' joech de film in positive [[resinsje]]. Mar yn [[Frankryk]] wiene de kritisy yn 'e wolken mei ''Honkytonk Man'', en waard de film ferlike mei ''The Grapes of Wrath'', fan [[John Ford]]. Letter waard ''Honkytonk Man'' ek yn 'e Feriene Steaten better wurdearre, en tsjintwurdich hat de film op 'e [[webside]] [[Rotten Tomatoes]], dy't resinsjes sammelet, it tige hege goedkarringspersintaazje fan 93%.
 
Itselde jiers as ''Honkytonk Man'' kaam ek in oare film út dêr't Eastwood as regisseur, produsint en haadrolspiler by belutsen wie: de [[aksjefilm]] ''Firefox'', dy't as [[tema]] de [[Kâlde Oarloch]] hie en basearre wie op 'e roman mei deselde namme út [[1977]] fan [[Craig Thomas (skriuwer)|Craig Thomas]]. ''Firefox'' waard opnommen foàr, mar útbrocht nei ''Honkytonk Man''. Hoewol't in grut part fan it ferhaal yn [[Ruslân]] plakfynt, wie it meitsjen fan opnamen yn 'e [[Sovjet-Uny]] doe net mooglik, sadat Eastwood him behelpe moast mei [[Wenen]] en oare lokaasjes yn [[Eastenryk]]. It Amerikaanske tydskrift ''[[People (tydskrift)|People]]'' omskreau Eastwood syn rol yn ''Firefox'' as "[[Luke Skywalker]] dy't finzen sit yn 'e siel fan Dirty Harry."