Clint Eastwood: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+ mear karriêre
+ mear karriêre
Rigel 99:
 
Yn [[1985]] wurke Eastwood foar it earst as [[tillefyzje]]regisseur. Hy naam in [[ôflevering]] fan 'e searje ''Amazing Stories'' op, mei as titel ''Vanessa in the Garden''. Dêrfoar keppele er Sondra Locke oan [[Harvey Keitel]] as de haadrolspilers. It wie Eastwood syn earste gearwurking mei produsint [[Steven Spielberg]], dy't jierren letter as ko-produsint belutsen wêze soe by Eastwood syn films ''Flags of Our Fathers'' en ''Letters from Iwo Jima''. Yn [[1985]] kearde Eastwood ek nochris werom by it westernsjenre, troch as regisseur, produsint en haadrolspiler de film ''Pale Rider'' te meitsjen, dy't eins min ofte mear in [[remake]] wie fan 'e klassike western ''Shane'', út [[1953]]. Eastwood spile dêryn op 'e nij in riedseleftige frjemdling sûnder namme, de 'Preker', dy't ûnder de [[Kalifornyske Goudkoarts]] fan [[1950]] út 'e [[dize]] fan 'e [[Sierra Nevada (Feriene Steaten)|Sierra Nevada]] omleech komt om in [[delsetting]] fan [[goudsiker]]s te helpen tsjin in binde dy't harren terrorisearret. De titel fan 'e film wie in ferwizing nei de [[Fjouwer Ruters fan de Apokalyps]] út it [[bibel]]boek ''[[Iepenbiering fan Jehannes]]'', mei't de ruter fan it feale (''pale'') [[hynder]] dêr de [[Dea]] is. Foar wa't dy referinsje miste, waard it yn 'e film nochris útlein trochdat Eastwood syn tsjinspylster [[Sydney Penny]] krekt de oangeande passaazje út ''Iepenbiering'' foarlêst as de Preker foar it earst ferskynt. Wat de mooglik [[boppenatuerlik]]e eleminten yn 'e film oanbelangen, fertoande ''Pale Rider'' dúdlike oerienkomsten mei Eastwood syn eardere western ''High Plains Drifter''. Dat gou ek foar de tema's fan [[noarmen en wearden|moraliteit]] en [[gerjochtichheid]]. ''Pale Rider'' waard ien fan Eastwood syn meast súksesfolle films. De Amerikaanske [[filmkritisy]] beskôgen it as ien fan 'e bêste films fan it jier en as de bêste western yn lange tiid.
 
Mei [[Marsha Mason]] spile Eastwood yn [[1986]] de haadrol yn it [[militêr]] [[dramafilm|drama]] ''Heartbreak Ridge'', oer de Amerikaanske [[ynfal yn Grenada]], yn [[1983]]. Eastwood, dy't ek wer as regisseur en produsint by de film belutsen wie, spile dêryn in [[sersjant]] yn it [[Amerikaanske Marinierskorps]] dy't noch meifochten hat yn 'e [[Koreaanske Oarloch]] en beseft dat syn militêre wurkpaad sa njonkelytsen op syn 'e rint. De produksje en opnamen fan ''Heartbreak Ridge'' waarden bedoarn troch ûnderlinge ûnienichheden tusken Eastwood en syn langjierrige freon en ko-produsint [[Fritz Manes]], en ek troch in skeel mei it [[Amerikaanske Ministearje fan Definsje]], dat iepentlik blyk joech fan [[minachting]] foar de film. Doe't ''Heartbreak Ridge'' útkaam, wie it mei in opbringst fan $70 miljoen benammen in kommersjeel súkses, mar nei [[2000]] binne ek de [[filmkritisy]] positiver oer de film wurden. Yn [[1988]] spile Eastwood yn ''The Dead Pool'' foar de fyfde en lêste kear de rol fan Harry Callahan. De [[plot]] fan 'e film draait om in list fan bekende persoanen dy't grutte kâns rinne mei koarten dea te gean, opsteld troch filmregisseur Peter Swan (spile troch [[Liam Neeson]]). Dirty Harry rekket by de saak belutsen as de persoanen op 'e list ek wurklik begjinne te stjerren, mar net troch natuerlike oarsaken. ''The Dead Pool'' is ien fan 'e bekendste Dirty Harry-films, mar hy brocht mar $38 miljoen op en de measte kritisy beskôgen him as it swakste diel fan 'e rige.
 
Nei ''The Dead Pool'' foel Eastwood syn karriêre in bytsje stil, wat him lykwols tiid bea om him dwaande te hâlden mei in tal lytsere en mear persoanlike projekten. Sa regissearre en produsearre er yn [[1988]] ''Bird'', in [[biografyske film]], mei yn 'e haadrol [[Forest Whitaker]], oer [[jazz]]muzikant [[Charlie Parker|Charlie "Bird" Parker]]. Nettsjinsteande [[krityk]] fan û.m. de [[negroïde|swarte]] regisseur [[Spike Lee]], dat de film gjin rjocht dwaan soe oan Parker syn persoanlikheid en [[humor|gefoel foar humor]], krige Eastwood foar ''Bird'' twa [[Golden Globe]]s: ien yn 'e kategory bêste regisseur, en dêropta de [[Golden Globe Cecil B. DeMille Award|Cecil B. DeMille Award]], in [[oeuvrepriis]]. Kommersjeel sjoen waard ''Bird'' lykwols in flop, mei in opbringst fan mar $11 miljoen, eat dat Eastwood sels wiet oan in tebekrinnende belangstelling foar [[jazz]] ûnder [[Afro-Amerikanen]]. Yn [[1989]] spile Eastwood de manlike haadrol yn ''Pink Cadillac'', oer in ûnskuldige frou (spile troch [[Bernadette Peters]]), dy't hjitfolge wurdt troch in [[preemjejager]] (Eastwood) en in groep [[jeropide ras|blanke]] [[rasisme|rasisten]], en dy't oan al har efterfolgers besiket te ûntkommen yn 'e rôze [[Cadillac]] fan har man. De film krige minne resinsjes en wie ek kommersjeel in flop, en markearre ien fan 'e djiptepunten yn Eastwood syn karriêre.
 
====Jierren '90====
Yn [[1990]] regissearre en produsearre Eastwood, en spile er de haadrol yn, ''White Hunter Black Heart'', in [[film]]adaptaasje fan 'e [[roman]] fan [[Peter Viertel]] oer regisseur [[John Huston]] en hoe't dy de filmklassiker ''The African Queen'' ([[1951]]) makke. ''White Hunter Black Heart'' wie yn 'e [[simmer]] fan [[1989]] op lokaasje yn [[Simbabwe]] opnommen. Doe't er útbrocht wie, ûntfong de film lof fan 'e [[filmkritisy]], mar hy draaide mar yn in beheind tal [[bioskopen]] en brocht sadwaande mar $8,4 miljoen op. Letter yn [[1990]] regissearre Eastwood the [[buddy cop film]] ''The Rookie'', dêr't er sels ien fan 'e haadrollen yn spile as in âldere [[plysjeman]] dy't in jonge [[kollega]] (spile troch [[Charlie Sheen]]) it fak leare moat. De measte [[resinsint]]en fûnen de wikselwurking tusken de beide haadpersoanen net oertsjûgjend, mar priizgen de aksjesênes yn 'e film. Trochdat Eastwood dêrnei behelle rekke yn in slepende [[rjochtsaak]], om't er mei syn fiertúch mei opsetsin de [[auto]] fan in frou raamd hawwe soe, kamen der yn [[1991]] gjin films fan him út. Uteinlik wûn er de saak, en doe't er oanbea om 'e [[abbekaat|abbekatekosten]] fan 'e frou te beteljen as dy net yn [[heger berop]] gie, stimde hja dêrmei yn.