Clint Eastwood: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+ mear karriêre
+ mear karriêre
Rigel 120:
====Nei 2000====
Yn [[2000]] wie Eastwood regisseur, produsint en ien fan 'e haadrolspilers yn ''Space Cowboys'', oer in fjouwertal âlde knarren dy't as [[astronaut]]en de [[romte]] yn stjoerd wurde om in âlde [[Sovjet-Uny|Sovjet]]-[[satellyt]] te reparearjen. As tsjinspilers hie Eastwood yn dy film [[Tommy Lee Jones]], [[Donald Sutherland]] en [[James Garner]]. Foar ''Space Cowboys'' komponearre Eastwood, tegearre mei [[Lennie Niehaus]], ek de [[filmmuzyk]]. De film waard goed ûntfongen en brocht yn 'e bioskopen allinnich al yn 'e Feriene Steaten mear as $90 miljoen op, mear as Eastwood syn twa foargeande films mei-inoar. Sels waard Eastwood foar ''Space Cowboys'' nominearre foar [[Saturn Award]]s yn 'e kategoryen bêste akteur en bêste regisseur. De folgjende film fan Eastwood wie ''Blood Work'', út [[2002]], dêr't er behalven as akteur op 'e nije ek by belutsen wie as regisseur en produsint. Hy fertolke dêryn de rol fan âld-[[FBI]]-[[agint]] Terry McCaleb, dy't in [[herttransplantaasje]] ûndergien hat en by de jacht op in [[sadisme|sadistyske]] [[moardner]] (spile troch [[Jeff Daniels]]) belutsen rekket as er de dea fan 'e frou begjint te ûndersykjen fan wa't er it [[hert]] krigen hat. De film, dy't basearre wie op 'e roman út [[1998]] mei deselde namme fan [[Michael Connelly]], krige mingde resinsjes en mislearre yn 'e bioskopen mei in ferlies fan krapoan $24 miljoen op in [[budget]] fan $50 miljoen. Nettsjinsteande dat wûn Eastwood mei ''Blood Work'' àl de Future Film Festival Digital Award op it [[Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje]].
 
Yn [[2003]] regissearre en produsearre Eastwood it [[misdiedrama]] ''Mystic River'', dêr't er ek de filmmuzyk sels foar skreau, mar dêr't er net yn spile. It wie in film dy't [[moard]], [[figilantisme]] en [[seksueel misbrûk]] as [[tema's]] hie, mei yn 'e [[haadrol]]len [[Sean Penn]], [[Kevin Bacon]] en [[Tim Robbins]]. ''Mystic River'' waard priizge troch de [[filmkritisy]], makke allinnich al yn 'e Feriene Steaten $60 miljoen [[winst]], en wûn twa [[Oscar]]s: ien foar bêste akteur, foar Penn, en ien foar bêste manlike byrol, foar Robbins. Eastwood sels waard foar de film nominearre foar twa Oscars, foar bêste film en bêste regisseur, en ek foar de [[Golden Globe]] foar bêste regisseur. Boppedat wûn ''Mystic River'' de [[César du Cinéma]] foar bêste bûtenlânske film.
[[File:Eastwoodtuxedo.jpg|thumb|left|300px|Clint Eastwood by de útrikking fan 'e [[Oscar]]s yn [[2007]], mei njonken him syn [[oarehelte|frou]] [[Dina Eastwood|Dina Ruiz]].]]
 
De folgjende film fan Eastwood wie it [[sport]]drama ''Million Dollar Baby'', dêr't er by belutsen wie as regisseur, produsint, [[komponist]] fan 'e [[filmmuzyk]] en haadrolspiler. It wie de earste film sûnt ''Unforgiven'' wêryn't Eastwood op 'e nij gearwurke mei [[Morgan Freeman]]. It [[trageedzje|tragyske]] ferhaal gie oer in [[boksen|boks]]trainer op jierren (Eastwood) dy't in jonge froulike bokser (spile troch [[Hilary Swank]]) ûnder syn hoede nimt. De film wûn fjouwer [[Oscar]]s, foar bêste film en bêste regisseur (Eastwood), bêste aktrise (Swank) en bêste manlike byrol (Freeman). Eastwood waard ek nominearre foar in Oscar yn 'e kategory bêste akteur. Hy wie doe mei 74 jier de âldste regisseur dy't ea in Oscar foar bêste regisseur wûn hat, en teffens wied er ien fan 'e trije regisseurs (mei [[Miloš Forman]] en [[Francis Ford Coppola]]), dy't twaris in Oscar foar bêste film krigen hawwe. Hy wûn mei ''Million Dollar Baby'' ek de [[Golden Globe]] foar bêste regisseur en de [[César du Cinéma]] foar de bêste bûtenlânske film. Fierders waard er foar de film nominearre foar in [[Grammy]] en in Golden Globe foar bêste filmmuzyk, wylst ''Million Dollar Baby'' ek nominearre waard foar in [[Screen Actors Guild Award]] foar bêste [[cast]]. De Golden Globe foar bêste regisseur waard oan Eastwood útrikt troch syn eigen [[dochter]] [[Kathryn Reeves]], dy't by de útrikkingsseremoanje yn [[2005]] [[Miss Golden Globe]] wie.
 
Yn [[2006]] makke Eastwood, as regisseur en produsint, mar net as akteur, twa films dy't allebeide oer de [[Slach om Iwo Jima]] giene, yn 'e [[Twadde Wrâldoarloch]] yn 'e [[Stille Oseaan]]. Foar beide films wurke Eastwood gear mei [[Steven Spielberg]]. De earste, ''Flags of Our Fathers'', gie oer de Amerikaanske [[marinier]]s dy't de [[Amerikaanske flagge]] op 'e top fan 'e [[berch]] de [[Suribachi]] op it eilân [[Iwo Jima]] planten. Yn dy film makke Eastwood syn [[soan]] [[Scott Eastwood|Scott]] syn aktear[[debút]]. Foar ''Flags of Our Fathers'' waard Eastwood nominearre foar in [[Golden Globe]] foar bêste regisseur. De twadde film wie ''Letters from Iwo Jima'', dy't draaide om 'e ûnderfinings fan 'e [[Japan]]ske ferdigeners fan it eilân en de [[brieven]] dy't hja dêrwei nei hûs skreaune. It wie de earste Amerikaanske [[oarlochsfilm]] dy't in [[fjildslach|militêr treffen]] hielendal fanút it perspektyf fan in fijân fan 'e Feriene Steaten sjen liet. Foar ''Letters from Iwo Jima'' waard Eastwood nominearre foar de [[Oscar]]s foar bêste film en bêste regisseur, wylst ek it [[senario]] in Oscarnominaasje krige. De ([[Japansk]]talige) film wûn fierders de [[Golden Globe]] foar bêste film yn in bûtenlânske [[taal]] en waard nominearre foar de Golden Globe yn 'e kategory bêste regisseur. Yn [[2009]] waard Eastwood foar syn bydrage oan 'e ferbettering fan 'e Amerikaansk-Japanske relaasjes troch [[keizer]] [[Akihito fan Japan]] beneamd yn 'e [[Oarder fan de Rizende Sinne]].