Clint Eastwood: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+ bemuoienissen mei de polityk
+ relaasjes & bern
Rigel 144:
 
De folgjende film dy't Eastwood regissearre en produsearre, ''Sully'' ([[2016]]), hie [[Tom Hanks]] yn 'e haadrol fan [[Chesley Sullenberger]], de [[piloat]] dy't op [[15 jannewaris]] [[2009]] [[US Airways-flecht 1549]] feilich wist te lânjen op 'e [[rivier]] de [[Hudson (rivier)|Hudson]] yn [[New York (stêd)|New York]], nei't der in flecht [[guozzen]] yn 'e [[motor]]s flein wie. Dat waard op 'e nij in grut kommersjeel súkses foar Eastwood, mei in wrâldwide opbringst yn 'e bioskopen fan $238 miljoen. De folgjende film dy't er regissearre en produsearre, de [[histoaryske film|histoaryske]] [[skriller]] ''The 15:17 to Paris'' wie in ferfilming fan 'e [[oanslach op de Thalys (2015)|mislearre oanslach]] op 'e [[Thalys]], de [[hegesnelheidstrein]] fan [[Amsterdam]] nei [[Parys]], op [[21 augustus]] [[2015]]. Eastwood liet dêrby [[Spencer Stone]], [[Anthony Sadler]] en [[Alek Skarlatos]], de Amerikaanske [[marinier]]s dy't tafallich as [[passazjier]]s yn 'e [[trein]] oanwêzich wiene en de [[oanslach]] wisten foar te kommen, harrensels spylje. De film krige oer it algemien negative kritiken, dy't benammen te krijen hiene mei de aktearprestaasjes fan 'e trije haadrolspilers, dy't fansels gjin profesjonele akteurs wiene.
[[File:Ronald_Reagan_and_Clint_Eastwood.jpg|left|thumb|280px|Clint Eastwood (rj.) yn [[july]] [[1987]] mei [[presidint]] [[Ronald Reagan]] (l.).]]
 
Ein [[2018]] brocht Eastwood foar it earst yn sân jier wer in film út dy't er net inkeld regissearre en produsearre hie, mar dêr't er sels ek de haadrol yn spile. It wie ''The Mule'', wêryn't er de rol fertolke fan Earl Stone, in 90-jierrige [[dahlia]]kweker dy't om oan jild te kommen as [[drugskoerier]] ([[Ingelsk]]e [[sprektaal]]: ''mule'', "[[mûldier]]") begjint te wurkjen. Eastwood wie sels 88 jier doe't er ''The Mule'' makke. Hy krige foar de film en foar syn rol dêryn fan alle kanten lof taswaaid.
[[File:Ronald_Reagan_and_Clint_Eastwood.jpg|left|thumb|280px|Clint Eastwood (rj.) yn [[july]] [[1987]] mei [[presidint]] [[Ronald Reagan]] (l.).]]
 
===Karriêre yn 'e polityk===
Rigel 152:
 
Yn [[2001]] stelde de Kalifornyske [[gûverneur]] [[Gray Davis]] Eastwood oan as lid fan 'e steatskommisje foar [[nasjonaal park|parken]] en [[rekreaasje]]. Hy waard [[fise-foarsitter]] fan dat [[orgaan (organisaasje)|bestjoersorgaan]] en fierde yn dy funksje de opposysje oan tsjin it trochlûken fan 'e [[California State Route 241]], in [[autosnelwei|seisbaansdyk]], dwers troch it [[Steatsstrân San Onofre]], dat in beskerme [[natoergebiet]] wie. Syn termyn as kommisjelid einige yn [[2008]]. By de [[Amerikaanske presidintsferkiezings (2012)|Amerikaanske presidintsferkiezings]] fan [[2012]] stipe Eastwood de Republikeinske kandidaat [[Mitt Romney]] tsjin 'e sittende presidint [[Barack Obama]]. Op 'e [[Republikeinske Nasjonale Konvinsje]] fan dat jier loek er de oandacht (en frijwat [[satirysk]]e neibearings) mei in [[taspraak]] dy't er hold foar in lege [[stoel]] dy't Obama symbolisearre.
 
===Priveelibben===
====Relaasjes en bern====
Eastwood hat in ferskaat oan serieuze en flechtige [[relaasje (ynterpersoanlike bân)|relaasjes]] mei [[froulju]] hân. Yn [[1953]] [[troud]]e er mei Maggie Johnson, en harren [[houlik]] hold stân oant it yn [[1984]] yn in [[skieding (houlik)|skieding]] einige. Hja krigen twa [[bern (persoan)|bern]]: [[soan]] [[Kyle Eastwood]] ([[1968]]), dy't [[jazz]]-[[muzikant]] waard, en [[dochter]] [[Alison Eastwood]] ([[1972]]), dy't yn har heite fuotleasten folge as aktrise en regisseur. Neffens ûnbefêstige geroften soe Eastwood fierders yn [[1953]] tusken syn [[houliksoansyk]] oan Johnson en harren [[trouwerij]] yn, by in ûnbekende frou in bern oanset hawwe dat neitiid ôfstien waard foar [[adopsje]]. Nei't er ienris troud wie, begie Eastwood oan 'e rinnende bân [[oerhoer]] mei oare froulju, hoewol't Johnson dêr nei't it skynt fan ôfwist en ynstimd hie mei in [[iepen houlik]]. Sa hie Eastwood in fjirtjinjierrige [[bûtenechtlike relaasje]] mei aktrise en [[stuntfrou]] [[Roxanne Tunis]], dêr't dochter Kimber Tunis ([[1964]]) út berne waard. Mids [[1970-er jierren]] skieden Eastwood en Johnson lykwols [[skieding fan tafel en bêd|fan tafel en bêd]], hoewol't se foar de [[wet]] troud bleaune.
 
Dêrnei [[gearwenjen|wenne]] Eastwood fan likernôch [[1975]] oant yn [[septimber]] [[1989]] gear mei aktrise [[Sondra Locke]], mei wa't er gjin bern krige. Locke miende dat se in [[monogamy|monogame ferhâlding]] mei Eastwood hie, en harren relaasje einige foar har dan ek yn triennen doe't se ûntdiek dat Eastwood ûnderwilens trochgien wie mei it hawwen fan [[românse]]s mei oare froulju. Sa wied er yn 'e twadde helte fan 'e [[1980-er jierren]] lange tiid behelle yn in [[oerhoer|affêre]] mei [[stewardess]] Jacelyn Reeves, by wa't er twa bern oansette: [[Scott Eastwood]] ([[1986]]), dy't ek akteur waard, en [[Kathryn Reeves]] ([[1988]]), in [[model (berop)|model]]. Nei de brek mei Locke wenne Eastwood fan likernôch [[1990]] oant [[septimber]] [[1995]] gear mei [[aktrise]] [[Frances Fisher]], mei wa't er in dochter krige, [[Francesca Eastwood]] ([[1993]]), dy't aktrise en model waard. Yn [[1996]] troude Eastwood foar de twadde kear, no mei [[nijslêzeresse]] [[Dina Eastwood|Dina Ruiz]], mei wa't er ek in bern krige, Morgan Eastwood ([[1996]]). Mei Ruiz wied er troud oant harren skieding yn [[2013]]. Sûnt dy tiid is Eastwood mei ferskate oare froulju sjoen.
[[File:Hog_Breaths_Inn.jpg|right|thumb|250px|De [[kroech]] Hog's Breath Inn, yn [[Carmel-by-the-Sea (Kalifornje)|Carmel-by-the-Sea]], dy't ienris eigendom wie fan Eastwood.]]
 
Hoefolle [[bern (persoan)|bern]] oft Eastwood krekt hat, is net alhiel dúdlik. Sels hat er dêr altyd frijwat dizenich oer dien. Doe't er yn [[1997]] yn in [[fraachpetear]] yn it Amerikaanske [[tillefyzjeprogramma]] ''60 Minutes'' troch [[presintator]] [[Steve Kroft]] frege waard: "Hoefolle bern hawwe jo?" antwurde er: "Ik haw in stik as wat." En yn [[2009]], doe't er te gast wie yn it [[praatprogramma]] ''Late Show with David Letterman'', sei [[David Letterman]] tsjin him: "Jo hawwe uh... sân bern, leau 'k?" Dêr't Eastwood op antwurde: "Uh, op syn minst." Yn in [[artikel (publikaasje)|artikel]] yn ''[[The Sunday Times]]'' fan [[7 augustus]] [[2011]] fertelde syn dochter Alison lykwols: "Us heit hat acht bern by seis froulju." Der binne lykwols mar sân bern by fiif froulju bekend.