Kafee: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
stavering moat hifke wurde
ik kin hjir of dêr in typflater mist hawwe, mar neffens my mankearret der fierders neat oan 'e stavering fan dizze side
Rigel 1:
{{stavering))
[[File:Bruxelles_5_rue_du_Chêne_804.jpg|right|thumb|300px|In kafee yn [[Brussel]].]]
In '''kafee''', '''bar''' of '''kroech''' is in [[útgeansgelegenheid]] dêr't men telâne kin om te sosjalisearjen ûnder it genot fan in kopke [[kofje]] of [[tee]] of in gleske [[frisdrank]], [[bier]] of [[sterke drank]]. Yn 'e mande mei [[hotel]]s en [[restaurant]]s foarmje kafees de [[horeka]]-sektor. It ekwivalint fan in kafee yn it [[Feriene Keninkryk]] hjit in '''pub''' (koart foar ''public house'', "iepenbier hûs"). De earste kafees ûntstiene yn 'e [[santjinde iuw]] as [[kofjehûs|kofjehuzen]]; 'kafee' komt dan ek fan ''café'', it [[Frânsk]]e wurd foar [[kofje]]. Neitiid begûnen stadichoan ek kroegen, dêr't benammen bier dronken waard, har 'kafee' te neamen, en sa ûntstie in grut ferskaat oan iepenbiere gelegenheden dy't ûnder dy term beflapt wurde kinne. Kafees ferfolje faak in wichtige sosjale funksje yn [[doarp]]en en [[stêd|stedsbuerten]], dêr't stamgasten inoar moetsje oan 'e bar of oan harren stamtafel, en dêr't men geregeldwei in jûn trochbringt.