Ferskil tusken ferzjes fan "Frâns Julius Johan fan Eysinga (1752-1828)"

gjin bewurkingsgearfetting
(sjoch ek)
 
[[Ofbyld:F.L. en J.L. Hauck - Portret van de familie van Frans Julius Johan van Eysinga (1752-1828).jpg|thumb|left|De Fan Eysinga's yn 1784]]
Waard yn [[1773]] [[grytman]] fan [[Doanjewerstâl]] en lid fan de [[Steaten fan Fryslân]], yn 1786 lid fan de Admiraliteit yn Harns en yn 1789 lid fan Deputearre Steaten. Yn dy kolleezjes waard hy achtenearre om syn wiisheid en heitelânsleafde. By de ôfskaffing fan de gritenijen yn [[1795]] moast ek hy ôfstân fan syn amt dwaan en wenne sûnttiids amteleas op syn [[Osingastate]] yn [[Langwar]], dat hy grif erfd hie fan Johan Vegelin fan Claerbergen. Yn [[1784]] liet hy dizze [[stins]] hielendal restaurearje. Yn [[Langwar]] hie hy in [[hearebank]] yn de [[Herfoarme tsjerke (Langwar)|herfoarme tsjerke fan Langwar]]. Yn Ljouwert wenne hy yn it [[Eysingahûs (Ljouwert)|Eysingahûs]]. Yn de Frânske tiid waard der in ferfolging tsjin him ynsteld, nei alle gedachten foar dielnimming oan in oranzjistysk komplot, en is hy útnaaid. Hy ferburch him by ien fan syn pachters, dêr't hy ûnder in skûlnamme wenne, mar kaam letter werom op Osingastate, waard yn 1812 lid fan de Algemiene Ried fan it [[Departemint Fryslân]] en yn 1815 lid fan de Provinsjale Steaten. By de werynfiering fan de gritenijen waard hy wer beneamd as grytman fan Doanjewerstâl mar frege en krige yn 1819 as sadanich syn earfol ûntslach.
 
Doe't as ien fan de resultaten fan it [[Kongres fan Wenen]] it keninkryk fan de Nederlannen ûntstie, waarden de ridderskippen yn de ferskillende gewesten opnomd ûnder de Nederlânske adel, wêrby't Hollânske aadlike titels takend waarden, n.l. by langduorjende adeldom de titel fan baron, oars dy fan jonkhear. Omt it laach fan Eysinga mei ta de âldste Fryske adel hearde, waard dus oan Frans Julius Johan fan Eysinga by de yndieling fan syn geslacht yn de adel fan it nije keninkryk de titel fan baron oanbean. Grif mei tsjinsin tsjin dizze nijmoadrichheden - ommers de Fryske adel hie gjin rangen - waard dit oanbod net oannomd. Doe is it laach fan Eysinga by de Nederlânske adel yndield mei de jonkhearstitel, in ûnregelmjittichheid dy't dêrnei bestean bleaun is.
 
Van Eysinga wie yn [[Dronryp]] [[11 augustus]] [[1776]] troud mei Clara Tjallinga Aebinga van Humalda (1756-1830) dochter fan Binnert Philip en fan Catharina Johanna van Sminia. Fan harren sân bern folgen Schelto[[Skelte Hessel Roorda vanfan E.Eysinga]], en [[Idzerd Frans fan Eysinga]] him as steatelid. In tredde soan, jonkhear Tjalling Aedo Johan van E.Eysinga (1790-1858) wie fan 1816 - 1830 grytman fan Raerderhim. Hy wenne in skoft op [[Jongemastate]] yn [[Raerd]] en ferstoar yn Ljouwert. In oare soan, jhr. Binnert Philip (1785-1835), lid fan de Ridderskip fan Fryslân, wie earst direkteur fan it postkantoar yn Ljouwert, dêrnei houtvester fan it 4e Jachtdistrikt. In dochter, jonkfrou Cath. Joh. van E., troude mei Menno baron Coehoorn van Scheltinga.
 
== Sjoch ek ==
* [http://www.historici.nl/retroboeken/nnbw/ NNBW]
* Nederlânske Adelsboeken 1913, 295;
* Jierboek Ned. AdelIIIAdel III, 78, 80;
* Wapenheraut XV, 452;
* Vaderl. Hist. ten verv. op Wagenaar VII, 101; XXV, 258;
7.481

bewurkings