Willem Barents: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Lebels: Mobile bewurking Bewurking mobile webstee
Lebel: Weromsetting
Rigel 4:
'''Willem Barents''', yn it [[Nederlânsk]] skreaun as '''Willem Bartentz''' (* [[Formearum]], ± [[1550]] - † [[Nova Sembla]], [[20 juny]] [[1597]]) wie in [[Fryslân|Fryske]] seefarder en ûntdekkingsreizger fan [[Skylge]]. Willem Barents makke trije ûntdekkingsreizen om de noardeastlike trochfeart te finen, wêrby't hy de kusten fan Nova Sembla ferkende en [[Beareëilân]] en [[Spitsbergen]] ûntdekke.
 
== Biografy ==
== henk was daper met zijn knoop
Oer it libben fan Barents foar it begjin fan de ekspedysjes is net folle fan bekend. Hy wie keapman en wittenskipper en makke in atlas fan de [[Midslânske See]]. Yn [[1594]] krige hy de lieding oer de earste ekspedysje om de noardeastlike trochfeart nei Aazje en it Fiere Easten te finen. Mei twa skippen folge Barents de kust fan Nova Sembla yn'e hope om de eilannen hinne farre te kinnen, mar hy waard troch it iis opkeard. In twadde skip dat [[Cornelis Nay]] as kaptein hie, hie mear súkses. Dy wist fia de [[Strjitte fan Waygats]] yn de [[Karasee]] te kommen. [[Jan Huygen van Linschoten]], dy't op de reis oanwêzich wie hat in ferslach makke yn syn ''Voyagie, ofte schip-vaert van by Noorden om langes''.