Geart Aeilco Wumkes: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 53:
===== ''It Fryske Réveil yn portretten'' (1911) =====
Wumkes achte it behâld fan de ienheid binnen de Nederlânske Herfoarme Tsjerke fan grut belang. Hy hie dan ek belangstelling foar it [[Réveil]], in streaming binnen it protestantske kristendom dy't mear wearde hechte oan in oprjochte persoanlike leauwensbelibbing as oan strange dogmatyk. Fan 1909 ôf publisearre Wumkes yn ''Yn ús eigen tael'' biografyske sketsen fan peroanen dy't yn Fryslân in rol spile hiene. Dy libbensbeskriuwings waarden yn 1911 bondele yn ''It Fryske Réveil in portretten'', Wumkes syn earste grutte Frysktalige publikaasje. Al kenmerke de bydragen yn dit boek har neffens lettere kritisy troch in gebrek oan ôfstân ta de beskreaune persoanen en in te detaillistyske blik, se wurde fanwege it der yn sketste byld fan dat diel fan de protestantske leauwensmienskip dochs fan belang achte. Dit docht ûnder oare bliken út it feit dat fan it boek noch yn 1998 in Nederlânske oersetting ferskynde.
 
===== ''Bodders yn de Fryske striid'' (1926) =====
Doe 't Wumkes yn 1924 bibletekaris en haad fan de Provinsjale Bibleteek fan Fryslâ wurden wie, krige hy mear tiid om him oan it troch him leave biografyske sjenre ta te lizzen. Dat late yn 1926 ta syn twadde grutte kompilaasjewurk, ''Bodders yn de Fryske striid'', in rige libbensbeskriuwings fan persoanen dy't aktyf wiene foar de Fryske taal en kultuer. Ek op dit boek falt nei lettere mjitstêven wol ien en oar oan te merken, trochdat de ynhâld faak mear in romantysk as in wittenskiplik karakter hat. As bydrage oan de fryske skiedskriuwing wurdt ''Bodders yn de Fryske striid'' nettsjinsteande as in klassiker binnen de Fryske literatuer beskôge.
 
== Wurken (net folslein) ==