Geart Aeilco Wumkes: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 58:
 
===== ''Stads- en dorpskroniek van Friesland'' (1930-1934) =====
Troch syn wurk yn ddede Provinsjale Bibleteek fan Frysl6anFryslân hie Wumkes ienfâldich tagong ta in grut ferskaat oan boarnen foar syn skiedkundige en taalkundige artikels, wêrûnder alle jiergongen fan de yn 1752 oprjochte [[Ljouwerter Krante]]. Oan de hân dêrfan skreau hy foar ''De Vrije Fries'' en it [[Hepkema's Courant|Nieuwsblad van Friesland]] in soad artikels. Yn 1930 waarden dy bondele yn de ''Stads- en dorpskroniek van Friesland 1700-1800''. Dêrby folde hy de perioade foar 1752 oan mei materiaal ''"uit de Statenresolutie's, Hofsentientiën, proklamatieboeken, recesboeken en predikantenlijsten"''. It twadde diel, de ''Stads- en dorpskroniek van Friesland (1800-1900)'', ferskynde yn 1934.
 
===== ''Paden fen Fryslân'' (1932-1943) =====
Wumkes syn grutste kompilaasjewurk is ''Paden fen Fryslân'', dat tusken 1932 en 1943 yn fjouwer dielen ferskynde. De measte dêryn opnomde artikels beskôge Wumkes sels as oansetten ta fierder wittenskiplik ûndersyk. Yn it boeke steane dan ek in soad mar foar in diel útwurke stúdzjes. Dêryn komme dan wol Wumkes syn grutte erudysje en syn each foar details sterk nei foaren, mar se toane tagelyk net folle djipgong. It tredde diel fan de ''Paden fen Fryslân'' is lykwols oars fan aard: dêryn waarden mear as hûndert Fryske oersettings fan brieven, deiboekfragminten en redefierings opnomd.
 
== Wurken (net folslein) ==