Geart Aeilco Wumkes: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 62:
===== ''Paden fen Fryslân'' (1932-1943) =====
Wumkes syn grutste kompilaasjewurk is ''Paden fen Fryslân'', dat tusken 1932 en 1943 yn fjouwer dielen ferskynde. De measte dêryn opnomde artikels beskôge Wumkes sels as oansetten ta fierder wittenskiplik ûndersyk. Yn it boeke steane dan ek in soad mar foar in diel útwurke stúdzjes. Dêryn komme dan wol Wumkes syn grutte erudysje en syn each foar details sterk nei foaren, mar se toane tagelyk net folle djipgong. It tredde diel fan de ''Paden fen Fryslân'' is lykwols oars fan aard: dêryn waarden mear as hûndert Fryske oersettings fan brieven, deiboekfragminten en redefierings opnomd.
 
===== Wumkes en Grinslân =====
Ek de skiednis en streektaal fan [[Grinsl6an]]h iene de belangstelling fan Wumkes. Wumkes, dy't Fryslân seach as in brêge tusken [[Skandinavië]] en Ingelân, miende dat benammen yn de Noard-Grinslanner streken [[Hunsingoa]] en [[Fivelingoa]] in Fryske ynfloed hiene dy't yn alderlei tradysjes en yn de streektaal werom te finen wie. Dat hy him dêrfoar ynteressearre blykte yn 1904 út de ûnderwerpkar fan syn [[proefskrift]], ''De Gereformeerde Kerk in de Ommelanden tusschen Eems en Lauwers (1595-1796)''. Tusken 1906 en 1929 skreau faak artikels foar de Grinslanner Folksalmanak. Hy wie redakteur fan it tydskrift ''Groningen'' (yn 1916 en 1917) en fan it "Maandblad Groningen" (fan 1918 oant 1923). Ek levere Wumkes bydragen oan it tydskrift "Het Noorden" en oan ferskate Grinslanner kranten. Op basis fan artikels fan de yn 1931 ferstoarne Grinslanner histoarikus [[Jacob Vinhuizen]] foltôge hy yn 1935 dy syn ''Stads- En Dorpskroniek Van Groningen (1800-1900)''.
 
== Wurken (net folslein) ==