Skraard: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
[[]]
No edit summary
Rigel 15:
Hjir stie eartiids de [[Aylvastate (Skraard)|Aylvastate]].
 
De [[Tsjerke fan Skraard|protestanskeprotestantske tsjerke]] wurdt yn [[1270]] foar it earst neamd en is yn [[1954]] restaurearre. Hjir spilet in ferhaal fan in [[hosty]]-wûnder, dat twa kear troch de paus erkend waard. Dit kaam trochdat de pastoar en de fikaris yn 1414 in bliedende hosty op it alter fûnen. Der kamen letter dan ek pylgers op [[beafeart]] op ôf. Minsken dy't in ôflaat krigen koenen boete dwaan troch dêr hinne te gean en in offer te bringen.
De tsjerke datearret foar in grut part út de let romaanske perioade en is fan giele friezen boud, lykas de toer. Yn de tsjerke stiet meubilêr út de 17e iuw. De renêssânse kânsel, doopstek, lessener, jildtaffeltsje en nachtmielbanken foarmje in harmonieus gehiel. Moai houtsnijwurk binne de sydwangen fan tsien tsjerkebanken fan ± 1565 mei ingelen, duvels en mûnsters.
 
Rigel 23:
 
=== Tsjerke ===
* [[Tsjerke fan Skraard|ProtestanskeProtestantske tsjerke fan Skraard]]
De eardere grifformearde tsjerke wurdt as wenhûs brûkt.
=== Ferienings ===