Aseksualiteit: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
L (GR) File renamed: File:Ace-logo4.svgFile:AVEN Triangle.svg Criterion 2 (meaningless or ambiguous name)
Rigel 1:
'''Aseksualiteit''' (of '''non-seksualiteit''') is it brekme oan [[seksuële oantrekking]] ta lykfolwa, of in tige swakke of gjin belangstelling foar [[geslachtsferkear|seksuële aktiviteit]]. Yn minsken kin it beskôge wurde as it net hawwen fan in [[seksuële oriïntaasje]], of krekt as ien fan 'e fjouwer wichtichste seksuële oriïntaasjes, yn 'e mande mei [[heteroseksualiteit]], [[homoseksualiteit]] en [[biseksualiteit]]. Krekt as dy trije foarmen fan seksuële oantrekking is aseksualiteit oanberne. Ut in ûndersyk út [[2004]] die bliken dat likernôch 1% fan 'e minskheid aseksueel is.
[[File:Ace-logo4AVEN Triangle.svg|thumb|150px|<small>De 'AVEN' trijehoeke, symboal foar aseksualiteit</small>]]
Aseksualiteit moat net betize wurde mei [[seksuële ûnthâlding]] of mei it [[selibaat]], dat oanlearde foarmen fan hâlden en dragen binne dy't oer it algemien motivearre wurde troch faktoaren lykas immens persoanlike of [[religy|religieuze]] oertsjûgings. In seksuële oriïntaasje is yn tsjinstelling ta seksueel hâlden en dragen wat dêr't men mei berne wurdt en dat net feroare wurde kin (al wurdt dat gauris wol besocht). It ûnfermogen om seksuële oantrekking of oanstriid ta seks te fielen wol fansels net sizze dat aseksuële persoanen gjin [[leafde]] fiele kinne of in romantyske relaasje mei in oar persoan hawwe kinne. Yn sa'n relaasje sil de leafde fan harren kant lykwols [[platoanyske leafde|platoanysk]] wêze. Guon aseksuële minsken dogge trouwens wol deeglik oan [[geslachtsferkear|seks]], al hawwe se gjin of frijwol gjin oanstriid ta seks en fiele se gjin of frijwol gjin seksuële oantrekking ta oare persoanen. Dat se dan dochs geslachtsferkear bedriuwe, kin fuortkomme út in ferskaat oan redens, lykas de wil om it in romantyske partner nei it sin te meitsjen of de winsk om bern te krijen.