Invader (roman fan C.J. Cherryh): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
L klan --> clan
Rigel 25:
Yn it foargeande diel fan 'e searje, ''[[Foreigner (roman fan C.J. Cherryh)|Foreigner]]'', kearde it [[minske|minsklike]] [[romteskip]] de ''Phoenix'' nei in ôfwêzigens fan krapoan twahûndert jier ynienen werom by de Ierde fan 'e atevi, wat de haadpersoan Bren Cameron djip yn 'e swierrichheden brocht om't de atevi in gearspanning fermoeden tusken it skip en it [[regear]] fan it [[eilân]] Mospheira, de minsklike [[koloanje]] op it [[planeet]]oerflak. Bren is de ''paidhi'' ([[tolk (berop)|tolk]]), in minsklike oerheidsfunksjonaris dy't as iennichste op it fêstelân ferbliuwe en kontakt mei de atevi hawwe mei, nei't eardere frije kontakten troch [[kultuer|kulturele]] en [[biology]]ske misferstannen ta in [[oarloch]] tusken minsken en atevi laten dy't op in hier nei einige mei de útrûging fan alle minsken op 'e planeet.
 
Bren ûntkaam net alhiel ûnskansearre oan syn konfrontaasje mei atevi-[[rebel]]len yn ''[[Foreigner (roman fan C.J. Cherryh)|Foreigner]]'', en ''Invader'' iepenet as er nei in [[operaasje]] oan syn [[skouder]] en [[earm]] troch minsklike [[dokter]]s op Mospheira halje-trawalje weromroppen wurdt nei it fêstelân. Yn it Bu-javid, it [[regear]]ingskompleks yn Shejidan, de [[haadstêd]] fan 'e Westlike Assosjaasje (de grutste en ynfloedrykste atevi-steat), wurdt er ta syn skrik ûnderbrocht yn 'e residinsje fan 'e Atageini-[[klanclan]], as gast fan [[frouwe]] Damiri, de [[oarehelte]] fan Tabini, de ''aiji'' (hearsker) oer de Westlike Assosjaasje. Syn eardere [[appartemint]] by de [[tún|tunen]] wurdt no nammentlik fierstenste ûnfeilich foar him achte. De atevi, en yn 't bysûnder Tabini en it [[regear]] fan 'e Westlike Assosjaasje, binne nammentlik tige ûntrêstge oer wat se opfange fan 'e kommunikaasje tusken de ''Phoenix'' en Mospheira. Mei earm en skouder yn it [[gips]] moat Bren dy petearen foar harren oersette en ynterpretearje. Wat de atevi net begripe, is dat de bemanning fan it skip en de foarâlden fan 'e kolonisten mei slimme deilisskip útinoar gien binne, en dat der op Mospheira noch altyd in grutte wjersin hearsket tsjin 'e diktaten fan 'e [[skipskaptein]]s (en yn it ferlingde dêrfan tsjin it hiele skip). De [[befolking]] fan Mospheira fielt him folle mear besibbe mei de oare planeetbewenners, de atevi, as mei de [[romtefarder]]s, ek al binne dy fan harren eigen [[soarte|ras]].
 
It skip, oan 'e oare kant, hie ferwachte om by de Ierde fan 'e atevi in aktyf [[romtestasjon]] oan te treffen, en grut wie dan ek de ferheardens doe't by oankomst bliken die dat de kolonisten it stasjon hast twahûndert jier earder ûnbeheard efterlitten hiene om har yn eigenboude [[kapsule]]s oan [[parasjute]]s nei it planeetoerflak sakje te litten. No wol it skip it stasjon sa gau mooglik wer operasjoneel hawwe, mar dêrta is ferlet fan wurkkrêften, dy't inkeld fan 'e planeet komme kinne. It probleem is dat noch Mospheira, noch de atevi beskikke oer de lansearkapasiteit dy't minsken en/of atevi yn in [[baan om de ierde|baan om 'e ierde]] bringe kin. Dêrom wol de lieding fan it skip dat Mospheira sa fluch mooglik oan in [[romtefeart]]programma begjint. Op dat punt beseft Bren dat er yngripe moat, om't de kâns bestiet dat Mospheira en de ''Phoenix'' oars de atevi bûtenslute, wat it hiele soarchfâldich opboude lykwicht tusken minsken en atevi ferrinnewearje soe. Mei goedkarring fan 'e ''aiji'' nimt er dêrom kontakt op mei Stani Ramirez, de haadkaptein fan 'e ''Phoenix'', dy't er útleit dat it eilân Mospheira net oer de nedige [[grûnstof]]fen beskikt om in romtefeartprogramma ta útfiering te bringen, en dat er dêrom mar better mei de atevi ûnderhannelje kin.