Precursor (roman): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
L klan --> clan
Rigel 29:
''Precursor'' iepenet as Bren weromkomt fan in koart [[famylje]]besyk op Mospheira, wêrby't syn mem op 'e nij besocht hat om him wer oan syn eardere [[ferloofde]] Barb Letterman te keppeljen, nettsjinsteande it feit dat dy no [[houlik|troud]] is mei in oare [[man (sekse)|man]] en nettsjinsteande dat Bren ûnderwilens in [[relaasje]] krigen hat mei syn [[frou]]like atevi-[[liifwacht]] Jago. It [[romtefeart]]programma fan 'e atevi is no safierhinne dat se mei in [[romtefear]] kontakt meitsje kinne mei de ''Phoenix'', en koart foàr Bren syn famyljebesite hiene de [[kaptein (skipfeart)|kapteins]] harren fertsjintwurdiger op Mospheira, Yolanda Mercheson, weromroppen nei it skip. Wylst Bren op Mospheira wie, krige er dêr fia-fia te hearren dat no ek Jase Graham, de fertsjintwurdiger fan 'e ''Phoenix'' op it fêstelân, dy't diel útmakket fan Bren syn [[húshâlding]], weromroppen wurdt, en dat Tabini foar Jase syn kommende ôfreis it griene ljocht jûn hat. Op 'e weromreis nei Shejidan, de [[haadstêd]] fan 'e Westlike Assosjaasje, dielt Bren boppedat it [[fleantúch]] mei in fjouwerkoppige Mospheiryske delegaasje dy't mei goedkarring fan Tabini ek de reis nei de ''Phoenix'' ûndernimme sil. Bren freget him ôf wat de ''aiji'' yn fredesnamme besielet.
 
Yn Shejidan oankommen wachtet Bren in nije ferassing: Tabini ropt him by him en fertelt him tolve oeren yn 't foar dat er besletten hat om Bren ek nei de ''Phoenix'' ta te stjoeren, mei as bedoeling om foar him te ûnderhanneljen mei de kapteins fan it romteskip en ta in akkoart te kommen oangeande it opknappen en it runnen fan it âlde romtestasjon. De ''aiji'' is wisberet dat de atevi baas yn eigen hûs (d.w.s. yn har eigen [[sinnestelsel]]) wurde sille, en hy jout Bren de frije hân om dat foarinoar te meitsjen. Mei Bren geane syn beide pearen liifwachten, Banichi en Jago en Tano en Algini, dy't allegear ta it Slûpmoardnersgilde hearre dat mank de atevi in soarte fan [[plysje]]macht foarmet dy't de oarder hanthavenet. Teffens geane der fjouwer [[tsjinner]]s mei, wêrûnder Bren syn [[majordomo]], de âlde Narani, en syn [[kok]] Bindanda, dy't er te lien hat fan Tatiseigi, de [[konservatisme|aartskonservative]] [[hear (titel)|hear]] fan 'e Atageini-klanclan, en dy't sûnder mis ek foar syn master [[spion]]earret.
 
It berjocht dat Bren meigiet nei boppen ta komt syn mei-reizgers wol wat oer it mad. Jase Graham, dy't trije jier mank de atevi libbe hat, begrypt it wol. De kapteins fan 'e ''Phoenix'' hawwe jierrenlang de minsken fan Mospheira en de atevi oantrune om safolle mooglik hast te meitsjen mei harren romtefeartprogramma, om't se it op harren fiere reis oan 'e stôk krigen hawwe mei in oare soarte bûtenierdske wêzens. No't it earste romtefear ienris operasjoneel is, hawwe se sûnder oerlis harren beide fertsjintwurdigers op 'e planeet weromlutsen, wêrmei't se harren [[polityk|politike]] dominânsje oer de beide ierdske regearings dúdlik meitsje lykje te wollen. It is gjin snoade set om sokke politike maneuvels mei atevi út te heljen: se easken lju werom fan 'e planeet, en no hat Tabini se der noch wat ekstra lju op ta jûn. De Mospheiryske delegaasje is in stik mear ûntrêstige oer de gong fan saken. De beide liedende figueren binne [[doktor]] Ginny Kroger, fan it Ministearje fan [[Wittenskip]], en Tom Lund, fan it Ministearje fan [[Hannel]], dy't ûnderstipe wurde troch twa meiwurkers fan it Ministearje fan Bûtenlânske Saken, Kate Shugart en Ben Feldman. Bren fermoedet dat teminsten Kroger, en mooglik Lund ek, in fertsjintwurdiger is fan 'e âlde Feriening foar Minsklik Erfskip, in anty-atevi beweging dy't oant twa en in heal jier lyn it regear fan Mospheira behearske, mar nei in mislearre gearspanning mei atevi-[[rebel]]len (sjoch: ''[[Inheritor (roman fan C.J. Cherryh)|Inheritor]]'') troch it Mospheiryske [[elektoraat]] oan 'e kant set binne. As dat sa is, dan kin dat noch grutte swierrichheden opsmite.