Destroyer (roman): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
L klan --> clan
Rigel 35:
''Destroyer'' begjint as de ''Phoenix'' nei in reis twa jier op it punt stiet om werom te kearen yn it [[sinnestelsel]] fan 'e Ierde fan 'e atevi. De jonge Cajeiri hat ûnderweis, tsjin 'e wil fan syn fâden yn, [[freon]]en makke mank de [[bern (persoan)|bern]] fan 'e evakuëarre Reunioner stasjonsbewenners. De jonge stiet op it punt om syn achtste [[jierdei]] te fieren (of eins de ein fan syn sânde jier, om't atevi it getal acht ûngelokkich ornearje), mar dat giet oer as de ''Phoenix'' krekt foartiid it atevi-sinnestelsel berikt en dêr in aaklike ferrassing kriget.
 
It docht bliken dat der acht moannen lyn, koart nei't de ''Phoenix'' by Reunion wei ôfset wie werom nei hûs, op 'e [[planeet]] in bloedige [[steatsgreep]] plakfûn hat, wêrby't Tabini-''aiji'' ôfset is. It fêstelân wurdt no behearske troch in koälysje fan 'e Kadigidi út 'e Padi-delling en suderlingen út 'e Marid. Yn Shejidan, de [[haadstêd]] fan 'e Westlike Assosjaasje, dy't fêst yn 'e hannen fan [[rebel]]len is, regearret Murini, it haad fan 'e Kadigidi-klanclan, as ''aiji''. It Slûpmoardnersgilde, dat mank de atevi [[wet]] en iepenbiere oarder hanthavenet, is oant op it bien ferdield en kin net ta in beslút komme oer stipe oan Tabini of Murini, wylst de gildemaster fermist en mooglik dea is. Op ferskate plakken op it fêstelân is in [[guerrilja-oarloch]] geande tusken Murini syn troepen en oanhingers fan Tabini, en op it [[eilân]] Mospheira makket de [[minske|minsklike]] [[koloanje]] him op foar in iepen oarloch tsjin Murini. Oer Tabini giet it geroft dat er [[moard|fermoarde]] is, mar nimmen kin sizze oft dat wier is. It [[romtestasjon]], dat ûnder lieding fan Jules Ogun, de twadde [[kaptein (skipfeart)|kaptein]] fan 'e ''Phoenix'', en [[hear (titel)|hear]] Geigi, in fertrouling fan 'e ''aiji''-dûairiêre, ûnwifkjend op 'e hân fan Tabini bleaun is, is ôfsnien fan 'e ierde, mei't de [[romtefear]]en net mear fleane en de bemannings ûnderdûkt binne. De sitewaasje op it stasjon is ien fan krapte, mei't it op it stuit fan 'e steatsgreep eins noch net [[selsfoarsjenning|selsfoarsjend]] wie. Yn dy sitewaasje arrivearret de ''Phoenix'' mei oan board 4.100 [[flechtling]]en fan Reunion.
 
Dit is in ramp dêr't Bren himsels de skuld fan jout. Hy wie it nammentlik dy't der by Tabini op oanstien hat om in [[romtefeart]]programma op te setten om 'e atevi fluch-fluch yn 'e [[romte]] te bringen. Syn bedoeling wie om der foar te soargjen dat de atevi baas waarden yn harren eigen sinnestelsel, om't oars de ''Phoenix'' en de minsken fan Mospheira de hearskippij ûnder harsels ferdield hawwe soene. Mar troch de flugge [[technology]]ske foarútgong en alle [[maatskippij|maatskiplike]] feroarings dy't dêrmei mank gien binne, is de atevi-[[kultuer]] yn it gedrang kommen, mei as gefolch dat de [[konservatisme|konservative]] anty-romtefeart-faksje ûnder it sljochtwei folk genôch stipe witten hat te krijen dat it bewâld fan Tabini wifke en Murini syn kâns seach om 'e macht te gripen.
Rigel 45:
Oankommen op 'e kust fan it fêstelân regelje Cenedi, it haad fan 'e liifwachten fan 'e ''aiji''-dûairiêre, dy syn ûnderbefelhawwer Nawari en Bren syn eigen liifwachten Banichi, Jago, Tano en Algini dat der ferfier komt. It blykt om in nei [[fisk]] stjonkende âld [[frachtwein]] te gean dy't eigendom is fan it [[doarp]] Desigien, en dy't harren útliend is troch in Desari fan Desigien, in [[fisker]]man oan wa't hear Geigi kunde hat. Underweis nei it [[spoarwegen|spoarstasjon]] te Andaran wurde se oanholden troch in nije [[fjildwachter]] dy't op 'e hân fan Murini is, mar dy't troch Banichi en Jago handich oermastere en finzen nommen wurdt. Frachtwein en finzene wurde yn Andaran oerdroegen oan Desari syn [[dochter]] Ruso. Dy sil de nije fjildwachter nei de âlde, ôfsette fjildwachter fan it doarp bringe, dy't op oarder fan Ilisidi syn âlde [[amt]] wer opnimme moat. Mei dy die begjint de kontrarevolúsje en kinne Bren-en-dy net mear werom.
 
Yn in [[wagon]] mei in lading fisk op iis reizget it selskip nei Sidonin, yn 'e Padi-delling, djip yn fijannich gebiet, dêr't se koart foar [[moarnsdage]] oankomme en in [[bestelbuske]] [[dieverij|stelle]] om mei út te naaien. Se reitsje oer de grins fan it swier beboske Taiben en witte kontakt te meitsjen mei de [[houtfêster]]s dêre, dy't ûnder lieding fan Keimi, de hear fan 'e Taibeni-klanclan en in famyljelid fan Tabini, in guerrilja-oarloch fiere tsjin 'e Kadigidi en harren súdlike bûnsgenoaten. Yn Taiben hearre Bren en Ilisidi dat Tabini dêr west hat, mar der net mear is. Cajeiri foarmet der in ''man'chi''-bân mei twa jonge Taibeni, de fyftjinjierrige [[jonge]] Jegari en syn ien jier âldere [[suster]] Antaro, dy't net brutsen wurde kin, sadat de trije jonge libbens no foargoed ferbûn binne. (''Man'chi'' is ûnfertaalber atevi-konsept, dat sawol 'freonskip', 'leafde' as 'fertrouwen' omfiemet, allegear minsklike gefoelens dy't foar atevi like riedseleftich binne as ''man'chi'' foar minsken is.)
 
Ut Taiben reizgje Bren, Ilisidi en Cajeiri troch nei it oanbuorjende diel fan 'e Padi-delling, dat it domein is fan 'e Atageini-klanclan. De âlde Tatiseigi, de hear fan 'e Atageini, nimt yn 'e hjoeddeiske krisis in tige wichtich plak yn. Hy is in [[konservatisme|aartskonservative]] [[aristokrasy|aristokraat]], dy't sa tsjin is op fernijing dat er noch mar tsien jier earder foar it earst [[elektrisiteit]] oanlizze litten hat yn syn [[bûtenpleats]] Tirnamardi. Tatiseigi hat [[polityk]] sjoen mear op mei Murini en dy syn oanhingers as mei Tabini. Mar hy beskôget Murini as in omheechfallen [[parvenu]], en boppedat is syn [[âldomkesizzer]] Damiri de mem fan Cajeiri. Dêrmei hat er der dus belang by om 'e Tabini oan it regear te hâlden. Sûnt de steatsgreep hat Tatiseigi him yn Tirnamardi weromlutsen en is er net fan 't plak kommen, net om Murini te stypjen, mar ek net om Tabini te stypjen. It is ûndúdlik wat er krekt yn 't sin hat, en it is mooglik dat de oanwêzichheid fan Cajeiri him krekt oantrúnje sil om him tsjin Tabini te kearen, as er tinkt dat er sels [[regint]] foar de jonge ''aiji'' yn 't plak wurde kin.
 
It is dus foar Bren-en-dy in gok om har yn 'e macht fan Tatiseigi te jaan, mar Ilisidi hat der fertrouwen yn dat hja dizze man, dy't har âld-frijer is, oerhelje kin om him oan harren kant yn it konflikt te bejaan. As se by de [[homeiepeal]]len fan Tirnamardi oankomme en oankundige wurde, komt Tatiseigi sels fanwegen om Ilisidi yn in antyk [[automobyl]] op te heljen, dat dat liket goed. Oan 'e oare kant jout er blyk fan syn folsleine minachting foar de ''paidhi'', mar iroanysk genôch ynterpretearret Bren dat ek as in posityf teken, want Tatitseigi hat him altyd minachte; hy soe it in stik ûntrêstigjender fine as de man him no ynienen mei fol earbetoan ûntfong. Oer Tabini krije Bren-en-dy yn Tirnamardi itselde berjocht as yn Taiben: hy hat dêr west, mar is der no net mear.