Skotsk-Gaelysk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L klan --> clan
Rigel 37:
[[File:Gaelic1400nich.png|left|thumb|200px| De taalsitewaasje yn [[Skotlân]] omtrint [[1500]]. <br>{{Color box|#0000FF}} Skotsk-Gaelysk<br> {{Color box|#ff0}} [[Skotsk]]<br> {{Color box|#F87217}} [[Norn]]]]
 
Nei't it Skotsk-Gaelysk yn Skotlân as hoftaal ôfdien hie, waard it as bestjoerstaal noch lang yn eare holden yn 'e [[Hearlikheid fan de Eilannen]], dy't de [[Hebriden]] omfieme. Boppedat wie it de tradysjonele taal fan 'e Heechlânske [[Skotske klansclans|klansclans]], dy't in rike [[bard]]yske tradysje hiene, sadat de Skotsk-Gaelyske literatuer lange tiid fral troch [[mûnlinge oerlevering]] bestie. De definitive nederlaach fan 'e klansclans yn 'e [[Jakobityske Opstân fan 1745]] en de ferfolging dêr't hja neitiid ûnder te lijen hiene, foarme dan ek in grutte klap foar it Skotsk-Gaelysk. Yn 'e [[njoggentjinde iuw]] folge in nije klap troch de saneamde [[Heechlânske Frijmakkings]] (''Highland Clearances''), wêrby't tsientûzenen lytse pachtboeren ûnmeilydsum fan 'e grûn ferdreaun waarden dy't harren famyljes faak al iuwenlang bewenne en bewurke hiene, inkeld en allinnich sadat dy omset wurde koe yn winstjaander weidlân foar skiep. It grutste part fan 'e ûnteigene en fan har lân ferdreaune klanledenclanleden hie gjin oare kar as om te [[emigraasje|emigrearjen]], om yn in nij lân op 'e nij te begjinnen.
 
In oare tsjinramp wie de Taalwet foar Skotlân, fan [[1872]], dy't it Skotsk-Gaelysk straal negearre, en derta late dat it generaasjes Skotsk-Gaelysktaligen ferbean waard om harren memmetaal op skoalle te praten. Dy ferfolging gie sa lang troch dat der yn [[2015]] noch lju yn libben wiene dy't har noch skoan tebinnenbringen koene hoe't se as bern in wan bruien fan master krigen hiene om't se wat yn it Skotsk-Gaelysk seine. Pas yn 'e twadde helte fan 'e [[tweintichste iuw]] begûn de hâlding foar minderheidstalen as it Skotsk-Gaelysk oer te feroarjen, mar tsjin dy tiid wie de taal al oan 'e râne fan 'e ôfgrûn brocht. De earste skoalle dêr't ientalich ûnderwiis yn it Skotsk-Gaelysk jûn waard, wie de ''Sgoil Ghàidhlig Ghlaschu'' ("Skotsk-Gaelyske Skoallen fan Glasgow"), dy't yn [[2006]] yn 'e [[Glasgow|Glasweechske]] wyk Woodside iepene waard.