Bûnte Sturt: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L klan --> clan
 
Rigel 23:
==Libben==
===Komôf en famylje===
Bûnte Sturt waard yn [[1823]] berne yn wat letter westlik [[Súd-Dakota]] wurde soe. Syn heit wie Tiishier; it is net bekend fan hokker substamme fan 'e Lakota oft dy wie, mar hy wie gjin [[Brulee]], en ek gjin [[Oglala]]. Bûnte Sturt syn mem, Rint-mei-de-Piip, wie in Brulee; mei't de Lakota in [[matrilineêr]]e kultuer hiene, wêrby't de bern ta de famylje en de [[klanclan]] fan 'e mem hearden, waard Bûnte Sturt dus beskôge as in Brulee. Syn bertenamme wie trouwens Springende Bizon; de namme "Bûnte Sturt" naam er letter oan, nei't er fan in blanke pelsjager by wize fan presint in [[waskbear]]esturt krigen hie, dy't er soms as ûnderdiel fan syn fearretoai droech.
 
Trije fan Bûnte Sturt syn susters, Izer-tusken-de-Hoarnen, Deadet-de-Fijân en Reade Broek, wiene troud mei de âldere [[Mâl Hynder de Aldere|Mâl Hynder]] ([[polygamy]] wie frij normaal yn 'e Lakota-kultuer), mar de jongere (en bekendere) [[Mâl Hynder]], dy't oanset wie by [[Ratteljende Tekken]], wie net in omkesizzer fan Bûnte Sturt. Sels hie Bûnte Sturt foarsafier bekend mar ien frou, mei wa't er ferskate bern hie. De bekendste dêrfan wie syn dochter Fallen Blêd (Aho’appa), dy't neffens de ferslaggen fan Eugene Ware, in legerofsier te [[Fort Laramie]], yn 'e lettere [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Wyoming]], ''"ien fan dy lju wie [...] [dy't] op it ferkearde plak berne wie."'' Hy suggerearret dat se guon Westerske gewoanten oannaam en temûk fereale wie op in [[jeropide ras|blanke]] ofsier yn Fort Laramie. Doe't se yn [[1866]] kaam te ferstjerren, twong se har heit in ûnthjit ôf dat er har begrave soe op in heuvel dy't útseach oer it fort. It hiele garnizoen holp Bûnte Sturt om dêroan te foldwaan, û.m. troch in begraffenisseremoanje te beävensearjen dy't sawol in [[kristendom|kristlike]] tsjinst as [[natoerreligyen|lânseigen Lakota-rituëlen]] omfette. Jierren letter liet Bûnte Sturt lykwols it stoflik omskot fan Fallen Blêd opgrave en oerbringe nei it [[Rosebud Yndianereservaat]] fan [[Súd-Dakota]], dêr't er in tinkteken foar har oprjochte.