Ferskil tusken ferzjes fan "Robert I fan Skotlân"

Gjin feroaring yn grutte ,  1 jier lyn
L
klan --> clan
L (klan --> clan)
 
===Oarloch om 'e troan===
Op [[25 maart]] [[1306]], seis wiken nei de moard op Comyn, liet Robert him yn [[Scone (Skotlân)|Scone]], by [[Perth (Skotlân)|Perth]], troch biskop [[Willem fan Lamberton]] fan [[St. Andrews]] kroane ta kening fan Skotlân. Dat waard dien mei alle byhearrende pracht en preal, en yn it keningsklaad dat [[Robert Wishart]] foar de Ingelsen ferburgen holden hie. Oanwêzich wiene de biskoppen fan [[Glasgow]] en [[Moray]] en de greven fan [[Jan fan Strathbogie, greve fan Atholl|Atholl]], [[Alan I, greve fan Menteith|Menteith]], [[Malcolm II, greve fan Lennox|Lennox]] en [[Domhnall II, greve fan Mar|Mar]]. De oare deis arrivearre [[Isabella MacDuff, grevinne fan Buchan|Isabella MacDuff]], de frou fan [[Jan Comyn, 3e greve fan Buchan|Jan Comyn, greve fan Buchan]] (in neef fan 'e fermoarde Jan Comyn), dy't it rjocht fan har famylje, de [[KlanClan MacDuff|MacDuff]]-greven fan [[Fife (Skotlân)|Fife]], opeaske om 'e Skotske kening te kroanjen, út namme fan har broer, [[Duncan IV, greve fan Fife|Duncan IV]], dy't minderjierrich en yn Ingelske hannen wie. Sadwaande waard kroaningsseremoanje doe nochris oerdien.
 
Yn [[juny]] [[1306]] waard Robert ferslein yn 'e [[Slach by Methven]], en yn [[augustus]] kamen de Ingelsen him oer it mad te [[Strathfillan]], dêr't er beskûl socht hie, en moast er halje-trawalje flechtsje. Syn frou en dochters en de oare froulju fan syn selskip stjoerde er doe ûnder de beskerming fan syn broer [[Neil fan Bruce (broer fan Robert I)|Neil]] en [[Jan fan Strathbogie, greve of Atholl]], nei [[Kildrummy]], wylst er sels ûndergrûnsk gie mei syn meast fertroude folgelingen, wêrûnder syn bruorren [[Tomas fan Bruce|Tomas]], [[Aleksander fan Bruce|Aleksander]] en [[Edwert fan Bruce (hege kening fan Ierlân)|Edwert]], [[Jakobus Douglas, hear fan Douglas|Jakobus Douglas]] (better bekend as de Swarte Douglas), [[Gilbert fan La Hay]], [[Neil Campbell (stoarn yn 1316)|Neil Campbell]] en [[Malcolm II, greve fan Lennox]].
Nei de oerwinning by Loudoun Hill joech Robert syn broer Edwert it befel oer de opstân yn Galloway, en sette doe sels ôf nei it noarden, dêr't er de kastielen fan [[Inverlochy]] en [[Urquhart (Skotlân)|Urquhart]] ynnaam, de kastielen fan [[Inverness]] en [[Nairn]] platbaarnde en doe in mislearre wraam op [[Elgin (Skotlân)|Elgin]] die. Yn it neijier fan [[1307]] befûn Robert him yn [[Aberdeenshire]], oan 'e Skotske noardeastkust, dêr't er [[Banff (Skotlân)|Banff]] bedrige en doe slim siik rekke, mar meitiid wer opbettere. Hy liet Jan Comyn, greve fan Buchan, ûnferslein efter him gewurde, wylst er nei it westen ta sette om 'e kastielen fan [[Kastiel fan Balvenie|Balvenie]] en [[Kastiel fan Duffus|Duffus]] te feroverjen en doe dat fan [[Kastiel fan Tarradale|Tarradale]], op it [[Swarte Eilân (Skotlân)|Swarte Eilân]]. Mei in omwei fia Inverness en in twadde mislearre wraam op Elgin kearde er doe begjin [[1308]] wer yn it noardeasten werom, dêr't er yn [[maaie]] yn 'e [[Slach by Inverurie (1308)|Slach by Inverurie]] einlings ôfweefde mei de greve fan Buchan. Dêrnei naam er Buchan sels yn en fersloech er it Ingelske garnizoen fan [[Aberdeen]].
 
Ien fan syn minder fraaie episoaden folge op 'e ferovering fan it noardeasten, doe't Robert de Bruce it befel joech ta de [[Ferwuostging fan Buchan]], om der wis fan te wêzen dat alle Comyns útrûge en harren oanhing yn bloed smoard waarden. Dy praktyk omfette net inkeld Buchan sels, mar hast alle Comyn-kastielen yn Moray, Aberdeenshire en it greefskip Buchan. Dêrmei ferneatige Robert foargoed de frijwol ûnbegrinzge macht dy't it Hûs Comyn mear as hûndertfyftich jier lang oer grutte dielen fan it noarden en noardeasten fan Skotlân útoefene hie. Neitiid sette Robert ôf nei [[Argyll]], oan 'e Skotske westkust, dêr't er de [[KlanClan MacDougall]], ûnder [[Jan MacDougall fan Lorn]], in trouwe bûnsgenoat fan 'e Comyns, fersloech yn 'e [[Slach yn 'e Pas fan Brander]]. Nei dy oerwinning koed er it [[Kastiel fan Dunstaffnage]] ynnimme, it lêst oerbleaune Comyn-bolwurk.
[[File:MK18541_Bannockburn_Robert_the_Bruce.jpg|right|thumb|220px|It stânbyld fan Robert I fan Skotlân op it slachfjild fan [[Slach by Bannockburn|Bannockburn]].]]