Britsk-Kolumbia: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 23:
 
==Geografy==
Britsk-Kolumbia hat in oerflak fan 944.735 km², wêrfan't 925.186 km² út lân bestiet en 19.549 km² út wetter. De provinsje grinzget yn it easten oan 'e Kanadeeske provinsje [[Alberta]] en yn it noarden oan 'e territoaria [[Yukon]] en de [[Noardwestlike Territoaria]]. Yn it westen wurdt Britsk-Kolumbia foar de noardlike helte begrinzge troch de [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Alaska]] en foar de súdlike helte troch de [[Stille Oseaan]] of [[see|râneseeën]] dêrfan, lykas de [[Strjitte fan Georgia]] en de [[Salisjaanske See]]. Yn it suden swettet it oan 'e legere Feriene Steaten, om persiis te wêzen oan 'e steaten [[Washington (steat)|Washington]], [[Idaho]] en [[Montana]] (fan west nei east).
 
Britsk-Kolumbia hat in rûge [[fjord]]ekust fan mear as 27.000 km, mei djippe ynhammen en likernôch 6.000 foar it meastepart lytseftige [[eilân|eilannen]], dy't fierhinne ûnbewenne binne. It iennichste grutte eilân is [[Vancouvereilân]], foar de súdwestkust, dêr't de provinsjale haadstêd [[Victoria (Britsk-Kolumbia)|Victoria]] op leit. Inkeld de smelle stripe fan [[Comox (Britsk-Kolumbia)|Comox]] oant Victoria is dêrfan ridlik ticht befolke; de westlike helte en in grut part fan 'e rest fan Vancouvereilân is begroeid mei in hast ûntrochkringber reinwâld. Fierder nei it noarden, in eintsje de Stille Oseaan yn, lizze de [[Keninginne Sjarlotte-eilannen]] of ''Haida Gwaii'', in [[arsjipel]] dy't de iennichste oare eilannen fan belang omfiemet.