V-wapens: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
No edit summary
Rigel 1:
'''V-wapens''' (ôfkoarting fan de Dútske namme ''Vergeltungswaffen'', 'ferjildingswapen') is de troch de [[Nazi-Dútslân|Nazi-Dútske]] propagandaminister [[Joseph Goebbels]] ynbrochte namme foar in tal wapens dy’t oan de ein fan de [[Twadde Wrâldkriich]] troch de [[Dútslân|Dútsers]] yn gebrûk naam waard om it Dútske leger wer oerwicht yn de oarloch te besoargjen. Hoewol’t Dútslân mear fan dy 'wûnderwapens' ontwikkeleûntwikkele waard de oantsjutting V-wapen foar trije dêrfan brûkt.
 
Fan dy trije binne allinne de V1 en V2 yndie brûkt. Dy ‘fleanende bommen’ wienen de foarrinners fan de late wapens dy’t letter komme soene. Proeven yn Dútslân ([[1930]]) leine de basis foar de ûnder lieding fan [[Wernher von Braun]] boude V-wapens.
 
De [[V1 (wapen)|V1]] wie in ûnbemanne fleantúchje fan sa’n 8 meter lang, dat mei in kattepûlynstallaasje de loft ynbrocht waard. De motor wie in pulsearjende strielmotor, dy’t op benzine rûn. At in yn it foar ynstelde ôfstân ôflein wie (maksimaal 300km300 km) gie de motor út en dûkte it tastel nei de grûn en eksplodearre. Fan juny 1944 ôf waarden sa’n 8000 V1’s lansearre, benammen mei [[Londen]] as doel, wêrfan sa'n 2400 harren bestimming berikten. Ek op [[Antwerpen (stêd)|Antwerpen]] waarden V1's rjochte.
 
De [[V2 (raket)|V2]] wie in raket fan ± 14 meter lingte. De motor wurke op floeibere [[soerstof]] en [[alkohol]]. Nei de lansearring folge it wapen in ballistyske baan. Fan septimber 1944 ôf waarden goed 3000 V2's ôfsketten nei doelen yn [[Ingelân]] en [[Belgje]]. Mear as de helte is op of tichtby it doel delkomd. Ut de V2 kaam de [[Wasserfall]]-raket fuort, dy't ek wolris oantsjutten waard as V3, mar dy't dy namme nea offisjeel krigen hat. Yn 1944/45 wie der ek in in V2-raketbasis yn [[Gaasterlân (krite)|Gaasterlân]] fêstige.
 
De [[V3 (kanon)|V3]] wie in hegedrukkanon, mei in loop fan likernôch 120 meter, dat mei hege faasje mânske projektilen oer in ôfstân oant 90 km sjitte moatte kinne soe. In kompleks mei fiif fan de kanonnen waard boud yn [[Mimoyecques]] yn Frankryk. Dy wienen op [[Londen]] rjochte, mar de batterij waard nea operasjoneel.
 
 
<gallery widths="220" heights="220">
Line 14 ⟶ 13:
Ofbyld:Fusée V2.jpg|V-2 yn it Peenemünde Museum
Ofbyld:Mimoyecques portion canon V3.jpg|V-3 mearkeamerkanon yn bunker by Mimoyecques
FileOfbyld:Bundesarchiv Bild 146-1981-147-30A, Hochdruckpumpe V-3.jpg|Prototype V-3 yn Laatzig (no [[Poalen]]) yn 1942.
</gallery>