Cornwall: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
LNo edit summary
Rigel 2:
'''Cornwall''' ({{IPA|ˈkɔːnˌwɒl}} [[Kornysk]]: ''Kernow''; ) is de namme fan it bestjoerlike [[Greefskippen fan Ingelân|greefskip]] en it hartochdom yn it uterste súdwesten fan [[Ingelân]], dat fan it greefskip [[Devon]] skieden wurdt troch de rivier de [[Tamar (Cornwall)|Tamar]]. Cornwall beslacht in oerflak fan 3.563 [[kante kilometer|km²]], tegearre mei de [[Scilly-eilannen]] dy't 45 km fan de kust lizze, en telt 513.528 ynwenners mei in befolkingstichtheid fan 144 mensen/km². De haadstêd is [[Truro (Cornwall)|Truro]]. Foar april 2009 hie Cornwall seis distrikten: [[Penwith]], [[Kerrier]], [[Carrick (Ingelân)|Carrick]], [[Restormel]], [[Caradon]] en [[Noard-Cornwall]], en de Scilly-eilannen.
 
Cornwall hat in rûch en faak noch ûnoantaaste lânskip, wêrfan [[Bodmin Moor]] in wichtich diel útmakket. It hat in [[seeklimaat]] mei relatyf sêfte winters. Meidat it der selden of nea friest binne in soad (ymportearre) [[Subtropysk klimaat|subtropyske planten]] as [[palmenfamylje|palmen]] en keamerplanten derdêr ynboargere. Troch de frij grutte reinfal groeit [[feanmoas]] der tige wilich wat dan ek te merkbiten is oan de soad [[moeras]]sen dy't der binne. It toerisme is de grutste boarne fan ynkomsten, neist [[fiskerij]], [[lânbou]] en [[blommetylt]]. De yndustry hat him konsintrearre yn de kuststêden [[Falmouth (Cornwall)|Falmouth]], [[Fowey]] en [[Penzance]]. Cornwall is ek in gaadlik plak foar it opnimmen fan films wêrûnder [[Wycliffe]], in Ingelske plysjerige dy't begunbegûn is yn 1994 en dêr't 28 ôfleverings fan makke waarden.
 
It meast westlike punt hjit ''[[Land's End]]'' (''Penn an Wlas'') en is in belangrike toeristyske trekpleister, krektas [[St Michael's Mount]]. Ek hat it greefskip in grut oantal prehistoaryske oerbliuwsels wêrûnder tige âlde tinminen dy't út de [[brûnstiid]] stamje. Yn de 18e en 19e iuw wie Cornwall ferantwurdlik foar 40% fan de wrâldproduksje fan [[tin (elemint)|tin]]. In kastielruïne tichtby [[Tintagel]] wurdt troch de Cornish (ynwenners fan Cornwall) besôgebeskôge as it plak dêr't King Arthur berne is (sjoch de [[Kening Arthur|King Arthur]]-leginde). In bekende attraksje is ek [[Eden Project]], in botanyske tún mei twa kassekompleksen dy't foarme wurde troch meardere [[geodetyske koepel]]s. Dizze botanyske tún leit yn Bodelva, 5 km bûten [[St Austell]].
 
Yn Cornwall waard it [[Kornysk]] sprutsen; der wurdt besocht om dizze útstoarne taltaal nij libben yn te blazen, sa is der bygelyks in Wikipedia yn it "Kernewek" en in [[regionalisme (polityk)|regionalistyske]] [[politike partij]] [[Mebyon Kernow]], dy't lid is fan de [[Europeeske Frije Alliânsje]].
 
[[Charles, prins fan Wales|Prins Charles]], de Britse kroanprins, en syn frou [[Camilla Parker Bowles]] binne hartoch en hartoginne fan Cornwall.