Noardfrysk Ynstitút: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
biblioteek
Rigel 23:
| webside = [http://www.nordfriiskinstituut.de www.nordfriiskinstituut.de]
}}
It '''Noardfrysk Ynstitút''' ([[Noardfrysk]]: '''''Nordfriisk Instituut''''') is it algemiene [[wittenskip|wittenskiplik sintrum]] en de [[taalakademy]] fan it [[Noardfrysk]]e [[taal]]gebiet yn 'e [[Dútslân|Dútske]] dielsteat [[Sleeswyk-Holstein]]. Dizze [[organisaasje]] docht ûndersyk nei de [[taal]], [[kultuer]] en [[skiednis]] fan [[Noard-Fryslân]]. Hoewol't it Noardfrysk Ynstitút him benammen dwaande hâldt mei de [[Noardfrysk]]e [[taal]], skinkt it ek oandacht oan 'ede oare taalfoarmen dy't yn Noard-Fryslân sprutsen wurde: it [[Nederdútsk]], it [[Dútsk]], it [[Deensk]] en it [[Súdjutsk]]e [[dialekt]].
 
== Skiednis ==
It Noardfrysk Ynstitút waard yn [[1965]] oprjochte, en is fêstige yn [[Bredstedt]] ([[Noardfrysk]]: Bräist), dêr't it oarspronklik in pân oan 'ede Osterstraße besette, mar yn [[1990]] ferhuze nei de eardere ''Volksschule'' oan 'e Süderstraße 30. De ynstelling wurdt bestjoerd troch de [[Verein Nordfriesischer Institut]] ("Feriening fan it Noardfryske Ynstitút"), dy't likernôch 860 leden hat en al bestiet sûnt [[1948]]. Lange tiid stie de [[Sweden|Sweedske]] [[taalkundige]] [[Nils Århammar]] oan it haad fan it Noardfrysk Ynstitút, mar yn [[1992]] waard dyselde ôflost troch [[Thomas Steensen]].
[[File:Braeist Nordfriisk Instituut.jpg|left|thumb|250px|It [[gebou]] fan it Noardfrysk Ynstitút oan 'e Süderstraße yn [[Bredstedt]].]]
 
Yn [[2011]] joech it Noardfrysk Ynstitút in kanon fan de Noardfryske kultuer út, mei de titel ''Heimat Nordfriesland: Ein Kanon Friesischer Kultur''. Foar it boek wie in protte ûndersyk ferrjochte, en ek wie der ûnder de [[Noardfriezen]] in grutte [[enkête]] ôfnommen.<ref>[http://itnijs.nl/2011/05/kanon-fan-de-noardfryske-kultuer/] "Kanon fan de Noardfryske kultuer" [[www.itnijs.nl]], 12 maaie 2011.</ref>
 
== Aktiviteiten ==
It Noardfrysk Ynstitút hat in eigen [[bibleteekbiblioteek]] en [[argyf]] fan 15.000 [[boek]]en en 70.000 [[artikel (publikaasje)|artikels]], wêryn't benammen Noardfrysktalige wurken sammele binne, hoewol't ek [[Nederdútsk]]e, [[Dútsk]]e en [[Deensk]]e teksten byinoarfandele binne dy't oer Noard-Fryslân geane. Jiers wurde dêr sa'n 500 nije publikaasjes oan tafoege. Fierders hat it Noardfrysk Ynstitút de [[Jan Tjittes Piebenga]]-bibleteek yn besit, wat de grutste samling [[Westerlauwersk-Frysk]]talige teksten bûten [[Nederlân]] is.
 
It Ynstitút fersoarget fierders ek [[kursus]]sen, [[kolleezje]]s, [[konferinsje]]s en [[lêzing]]s en jout [[boek]]en, [[tydskrift]]en en [[brosjuere]]s út op eigen kosten of yn gearwurking mei oare [[útjouwerij]]en. It ynstitút wurdt finansjeel stipe troch de dielsteat [[Sleeswyk-Holstein]], de ''[[Kreis]]'' [[Noard-Fryslân]], de [[stêd]] [[Bredstedt]] en [[Sydslesvigsk Forening]] ("Súdsleeswykske Feriening"), de [[kultuer|kulturele]] [[organisaasje]] fan 'e [[Deenske minderheid yn Dútslân]]. Ek wurdt der sels wat jild binnenbrocht mei de eigen útjeften.
Rigel 38:
Boppedat hat it Noardfrysk Ynstitút&nbsp;– fia de ''Verein Nordfriesischer Institut''&nbsp;– yn 'e mande mei de [[Noardfryske Feriening]], de [[Friisk Foriining]], de [[Heimatbund Landschaft Eiderstedt]] en de [[gemeente (bestjoer)|gemeente]] [[Hilgelân]] sitting yn 'e [[Noardfryske Ried]] (Noardfrysk: ''Frasche Redj'' of ''Freeske Räid''). Dat is in organisaasje dy't him ynset foar it behâld fan 'e [[Noardfryske taal]], kontakten mei oare [[minderheid|minderheden]] yn [[Dútslân]] ûnderhâldt en dy't de Noardfryske seksje fan 'e [[Fryske Rie|Grutfryske Ried]] foarmet.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
==Keppelings om utens==
*{{de}}[http://www.nordfriiskinstituut.de Offisjele webside fan it Noardfrysk Ynstitút]
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://de.wikipedia.org/wiki/Nordfriisk_Instituut ''Einzelnachweise'', op dizze side].
 
----
{{boarnen|boarnefernijing=
<references/>
----
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://de.wikipedia.org/wiki/Nordfriisk_Instituut ''Einzelnachweise'', op dizze side].
}}