Dronryp: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L stavering: buste -> búste
biblioteek
Rigel 21:
'''Dronryp''', of ek wol '''De Ryp''', is in [[Fryslân|Frysk]] [[doarp]] dat op 'e grins fan 'e [[Bouhoeke]] mei de [[Greidhoeke]] leit, ynklamme tusken de [[autosnelwei]] [[Rykswei 31|A31]] (tusken [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] en [[Frjentsjer]]) oan 'e noardkant, en it [[Van Harinxmakanaal]] oan 'e súdkant. It doarp hearde foarhinne ta de gemeente [[Menameradiel]], dêr't it mei likernôch 3.500 ynwenners (yn [[2011]]) de grutste wenkearn is, noch foàr it haadplak [[Menaam]]. Fan [[1 jannewaris]] [[2018]] ôf falt Dronryp ûnder de nije fúzjegemeente [[De Waadhoeke]]. Dronryp genietet ek bûten [[Fryslân]] in beskate bekendheid as it berteplak fan 'e [[18e iuw|achttjinde-iuwske]] [[astronoom]] [[Eise Eisinga]] en de [[19e iuw|njoggentjinde-iuwske]] [[keunstskilder]] [[Lourens Alma-Tadema]].
 
== Etymology ==
Oangeande de [[etymology]] fan 'e namme "Dronryp" tinkt men wol dat de delsetting oarspronklik fêstige wurden is op in smelle stripe lân (in "ryp") tusken twa [[slinke]]n yn. Dy "ryp" soe doe noch ophege wêze mei [[terp]]en, mei't de [[seedyk|seediken]] pas yn 'e [[tsiende iuw|tsiende]] of [[alfde iuw]] oanlein waarden. Oer "dron-" sitte de saakkundigen eins wat mei de hannen yn 't hier, al wol ien teory hawwe dat it in gearlûking is fan 'e ier Fryske famyljenamme "Drenning". En fierders is der fansels noch it (net serieus bedoelde) rymke fan [[Y.H. Bosma]], publisearre yn ''[[Iduna (tydskrift)|Iduna]]'', yn [[1851]], wêryn't de dichter de skiednis fan Dronryp mei de gek beslacht troch út te lizzen hoe't men it plak bepaalde dêr't de [[tsjerke]] komme moast: men liet twa keppele [[okse]]n in nacht los, en wêr't men dy de oare moarns oantreffe soe, dêr soe boud wurde. De oare moarns siet it hiele lân ûnder de ryp, en fan 'e oksen wie gjin spoar te bekennen. Mar úteinlik hearde men har droanende gebalt, en doe die bliken dat se yn in [[reid]][[poel]] yn 'e drek leine. Dat de tsjerke waard op it plak fan 'e reidpoel boud en it doarp dat deromhinne groeide kaam Dronryp te hjitten, fan "droan" en "ryp".
[[Ofbyld:Dronrijp Tsjerkebuoren.jpg|left|thumb|250px|D'Alde Wite, oan 'e Tsjerkebuorren, de [[protestantisme|protestantske]] [[tsjerke]] fan Dronryp.]]
 
== Geografy ==
Dronryp beslacht likernôch 214&nbsp;[[hektare|ha]], wêrfan't 9&nbsp;ha út [[oerflaktewetter]] bestiet.<ref>[https://drimble.nl/buurten/19080001/dronrijp.html Statistyske ynformaasje oer Dronryp]</ref> It doarp leit yn it noardwestlike diel fan 'e provinsje [[Fryslân]], op 'e [[Klaaistreek|Klaai]], likernôch 8 km rjocht bewesten [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. Fuort besiden it doarp leit de âlde súdgrins fan 'e [[Bouhoeke]], dêr't oant in jier as tritich lyn de [[Greidhoeke]] begûn en dy beide [[lânbou]]gebieten mei in frij skerpe demarkaasjeline faninoar skaat waarden. Tsjintwurdich is dy oergong lykwols folle stadiger, mei't yn 'e Bouhoeke it [[greidlân]] optein is, wylst troch de bou fan [[maïs]] no yn 'e Greidhoeke ek wol [[boulân]] foarkomt. Likernôch op datseldichste plak, fuort besuden Dronryp, leit in grut ferhef yn it lân, dat yn 'e lêste [[iistiid]] opsmiten is troch de [[gletsjer]]s, en dêr't no de súdlike tagongswei oerhinne rint.
 
Rigel 34:
Foar in opsomming fan alle strjitten yn Dronryp, sjoch de list op [[strjitten yn Dronryp|dizze side]].
 
== Skiednis ==
Dronryp waard foarhinne wol "it Fryske Rome" neamd, net om't men der sa [[roomsk-katolisisme|roomsk]] is (al is it noch altyd wol ien fan 'e meast roomske doarpen fan Fryslân), mar om't it krekt as [[Rome (stêd)|Rome]] boud wie op sân [[heuvel]]s, al wiene dy "heuvels" yn Fryslân fansels [[terp]]en. It is net bekend wannear't Dronryp stifte waard, mar dat moat foàr Kristus west hawwe, mei't by [[archeology]]ske opgravings yn 'e ûnderskate terpen in grut ferskaat oan âldheden út 'e [[Romeinske Ryk|Romeinske tiid]] út 'e grûn helle is. Sa kaam by De Puollen geometrysk fersierd [[ierdewurk]] foar 't ljocht dat datearre wurde moat om it begjin fan 'e jiertelling hinne, en smieten de beide Hatsumer terpen (de iene benoarden en de oare besuden it spoar) mar leafst 451 resp. 256 ferskillende Romeinske fynsten op. Dêrûnder wiene in itensiederspot, in gielgoudene [[fingerring|ring]] út 'ede [[trêde iuw]], in byldsje fan 'ede [[Romeinske mytology|Romeinske oarlochsgod]] [[Mars (god)|Mars]] en fierders [[dakpanne]]n by 't kroadfol.
 
Yn 'e [[Midsiuwen]], doe't yn 'e measte Fryske doarpen ien inkeld [[haadling]]elaach foar master opsloech, lei dat yn Dronryp justjes oars. Der wiene teminsten sân [[state]]s: [[Fetsastate]], [[Grut-Dotingastate]], [[Osingastate (Dronryp)|Osingastate]] en [[Hobbemastate]] yn of fuort by de buorren, [[Foppingastate]] oan 'e súdkant fan 'e âlde [[Harnzer Trekfeart]], [[Glinstrastate (Dronryp)|Glinsstate]] (ek wol it Blauhûs neamd) by De Puollen, en [[Hommemastate]] op Hatsum. Om't men sadwaande yn Dronryp tichter op in protsje siet as dat op oare plakken wenst wie, moast der ek better gearwurke wurde om mei-inoar troch de tiid te kommen. Dat liket wûnderwol slagge te wêzen, mei't út 'e saneamde [[benifysjaalboek]]en fan it doarp bliken docht dat frijwol alle (lukrative) tsjerklike amten yn it doarp út 'e eigen rûnte wei beset waarden.
Rigel 56:
Yn it lêst fan 'e [[Twadde Wrâldoarloch]], op [[woansdei]] [[11 april]] [[1945]], brochten de [[Dútslân|Dútsers]] fjirtjin gizelders út it hûs fan bewar yn Ljouwert nei Dronryp ta, nei't it Rypster ferset mei springstof tusken Ljouwert en Frjentsjer in [[trein]] ûntspoare litten hie. Om't de [[brêge]] oer it nije [[kanaal (wetterwei)|kanaal]] iepenset wie, en men dêr dus net fierder koe, waarden de finzenen dêr út 'e frachtwein helle en oan 'e [[igge]] fan it kanaal, oan 'e westkant njonken it [[talud]] fan 'e brêge, deasketten. Op it plak dêr't dizze [[Dronryp-represaille]] útfierd waard, stiet noch altyd in [[tinkteken]] yn 'e foarm fan in grut wyt krús. De nammen fan 'e slachtoffers binne: Sybrandus van Dam, Oudger van Dijk, Johannes Marinus Ducaneaux, Heinrich Harder, Dirk de Jong, Hendrik Jan de Jong, Ruurd Kooistra, Johannes Nieuwland, Hendrik Joze Spoelstra, Douwe Tuinstra en de bruorren Egbert Mark Wierda, Klaas Jan Wypcke Wierda en Hyltje Wierda. De fjirtjinde man, Gerard de Jong, waard neitiid troch it ferset swier ferwûne tusken de liken fan 'e oare slachtoffers weihelle, en oerlibbe de moardpartij op wûnderbaarlike wize, temear om't de slachtoffers ûnder skerpe Dútske bewekking 24 oeren ûnoanroerd bleaune.
 
= =Doarpsbyld ==
Yn totaal telt Dronryp 41 [[ryksmonumint]]en. It wichtichste dêrfan is sûnder mis [[D'Alde Wite]], de [[protestantisme|protestantske]] tsjerke, dy't de byldbepalende tsjerke fan it doarp is (en dêrom ek op 'e doarpsflagge stiet). Hy hjit eins fan Salviustsjerke, mei't er foar de herfoarming fan [[1580]] oan 'e hillige [[Salvius]] wijd wie. It is in [[beuk (arsjitektuer)|ienbeukich]] tsjerkegebou yn 'e [[romaanske boukeunst|romaanske]] styl mei in houten [[tonferwulft]], dat yn 'e [[tolfde iuw]] set is. Yn 'e flier lizze ferskate [[grêfsark]]en. By in grutte ferbouwing yn [[1504]] hawwe benammen it [[koar (tsjerke)|koar]] en de súdmuorre in [[goatyske boukeunst|goatysk]] karakter krigen. Yn 'e midden fan 'e [[santjinde iuw]] is de tsjerke fan binnen sterk ferfraaid, yn 't bysûnder troch de pleatsing fan in sântal sterk opinoar lykjende oerkape famyljebanken en in nije [[preekstoel]], en troch it oanbringen fan [[houtfykwurk]]. Teffens is it [[oargel]] doe oanskaft, dat út [[1653]] datearret en dêrmei it âldste oargel fan Fryslân is. It waard makke troch de bruorren [[Arnoldus Bader|Arnoldus]] en [[Tobias Bader]], dy't der fiif jier oan wurken en der sa'n 4.900 [[Karolusgûne]]n oan fertsjinnen, noch bûten de [[oargelkast]] en it fykwurk. Yn 'e [[njoggentjinde iuw]] is it restaurearre troch [[Willem Hardorff]], en yn 'e [[tweintichste iuw]] nochris troch [[Bakker & Timmenga]].
 
Rigel 79:
 
== Mienskip ==
Dronryp beskikt oer in iepenbiere [[bibleteekbiblioteek]], in [[supermerk]] en ferskate oare [[winkel]]s. Der binne trije [[basisskoalle]]n, wêrfan't de Iepenbiere Basisskoalle "De Romte" de âldste is. De roomske Sint-Radbodusskoalle waard yn [[1875]] iepene, en de Kristlike Basisskoalle "It Anker", stifte troch [[Nederlânsk Herfoarme Tsjerke|otterdoks-herfoarmden]] en [[Grifformearde Tsjerken yn Nederlân|grifformearden]], datearret fan [[1908]]. Foar senioaren is der it soarchstipepunt "Drenningahof" en Stifting "It Palet". Foar de [[jongerein]] wie der earder it jeugdsintrum "Interije".
 
It [[molkfabryk]] "De Takomst" (oprjochte yn [[1892]] as "De Volharding"), dat op [[6 novimber]] [[2009]] noch lanlik yn it nijs kaam doe't der in wolk [[salpetersoer]] ûntsnapte, moast yn [[2011]] slute. Oan it Van Harinxmakanaal stiet noch wol de [[hin]]neslachterij fan Van der Meer, dy't no ien fan 'e grutste wurkjouwers yn it doarp is. Yn 'e [[buorskip]] [[Hatsum]] leit it [[Stasjon Dronryp]] oan it [[spoar fan Ljouwert nei Harns]]. Fuort dêrnjonken stiet it [[restaurant]] ''[[Op Hatsum]]''.