Roomsk-Katolike Tsjerke: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
biblioteek
Rigel 1:
De '''Roomsk-Katolike Tsjerke''', meastal ''de Roomske Tsjerke'', oprjochte yn 'e rin fan 'e [[1e iuw]], is de grutste leauwensrjochting yn it [[Kristendom]]. De ''[[Hillige Sit]]'', dat wol sizze de [[Paus]], it steatsekretariaat, de pauslike kongregaasjes en de pauslike rieden, is it haad fan de steatsrjochtlike takke fan Fatikaanstêd. Neffens it Roomske leauwen is de Paus, dy't sit hat yn [[Fatikaanstêd]], de plakferfanger fan [[Jezus Kristus]] op ierde en syn útspraken wurde as ûnfeilber beskôge.
[[Ofbyld:0 Basilique Saint-Pierre - Rome (1).JPG|thumb|right|300px|De [[Sint Pitertsjerke]] is it middelpunt fan [[Fatikaanstêd]].]]
As ynstitút en organisaasje is de Roomske Tsjerke unyk. It is de âldste organisaasje fan 'e wrâld dy't sûnder ûnderbrekkings funksjonearre hat, sûnt de [[1e iuw]], en is it iennichste ynstitút fan it [[Romeinske Ryk]] dat likernôch sûnder feroarings fuortbestiet oant de tsjintwurdige tiid. It [[argyf]] en de [[bibleteekbiblioteek]] fan it [[Fatikaan]] binne allyksa de âldste yn 'e wrâld.
 
De Roomske Tsjerke hat as ynstitút sûnt de [[3e iuw]] in wichtige rol spile yn de [[skiednis]] fan [[Jeropa]] en yn dy fan de rest fan de wrâld. Benammen yn de [[Midsiuwen]] en de iuwen fuort dêrnei hawwe der út namme fan de Roomske Tsjerke en de paus in soad oarloggen west, wêrûnder de [[Krústochten]]. [[Misjonaris]]sen út de rike lannen fan it westen waarden nei earme koloanjes stjoerd om dêr te preekjen en om de pleatslike bewenners ta it Roomske leauwen te bekearen.
Rigel 20:
De paus regeart allinnich, hoewol't syn macht ynformeel beheind wurdt. Dat docht er troch dekreten en rjochtlinen. De grutte linen en prinsipes wurde werjûn in [[ensyklyk|ensykliken]], [[ekshortaasje|apostolyske ekshortaasjes]] en in protte oare dokuminten. Dizze wurde yn it Latyn publisearre en krije in namme dy't begjinne mei de earste wurden dêrfan. Sa hândelt de ensyklyk "[[Rerum Novarum]]" ('oer nije saken') de spesjale lear fan de Tsjerke en de ensyklyk "Humanae Vitae" ('oer it minsklik libben') de hâlding fan de Tsjerke mei [[antykonsepsje]].
 
{{Boarnen|boarnefernijing=
== Keppelings om utens ==
* [http://www.vatican.va Webstee fan it Fatikaan]
* [http://www.katholieknederland.nl Webstee fan de Katolike Tsjerke yn Nederlân]
}}
 
[[Kategory:Roomsk-Katolike Tsjerke| ]]
[[Kategory:Katolisisme]]