Dronryp: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
biblioteek
biblioteek
Rigel 22:
 
== Etymology ==
Oangeande de [[etymology]] fan 'e namme "Dronryp" tinkt men wol dat de delsetting oarspronklik fêstige wurden is op in smelle stripe lân (in "ryp") tusken twa [[slinke]]n yn. Dy "ryp" soe doe noch ophege wêze mei [[terp]]en, mei't de [[seedyk|seediken]] pas yn 'e [[tsiende iuw|tsiende]] of [[alfde iuw]] oanlein waarden. Oer "dron-" sitte de saakkundigen eins wat mei de hannen yn 't hier, al wol ien teory hawwe dat it in gearlûking is fan 'e ier Fryske famyljenamme "Drenning". En fierders is der fansels noch it (net serieus bedoelde) rymke fan [[Y.H. Bosma]], publisearre yn ''[[Iduna (tydskrift)|Iduna]]'', yn [[1851]], wêryn't de dichter de skiednis fan Dronryp mei de gek beslacht troch út te lizzen hoe't men it plak bepaalde dêr't de [[tsjerke]] komme moast: men liet twa keppele [[okse]]n in nacht los, en wêr't men dy de oare moarns oantreffe soe, dêr soe boud wurde. De oare moarns siet it hiele lân ûnder de ryp, en fan 'ede oksen wie gjin spoar te bekennen. Mar úteinlik hearde men har droanende gebalt, en doe die bliken dat se yn in [[reid]][[poel]] yn 'e drek leine. Dat de tsjerke waard op it plak fan 'e reidpoel boud en it doarp dat deromhinne groeide kaam Dronryp te hjitten, fan "droan" en "ryp".
[[Ofbyld:Dronrijp Tsjerkebuoren.jpg|left|thumb|250px|D'Alde Wite, oan 'e Tsjerkebuorren, de [[protestantisme|protestantske]] [[tsjerke]] fan Dronryp.]]
 
Rigel 28:
Dronryp beslacht likernôch 214&nbsp;[[hektare|ha]], wêrfan't 9&nbsp;ha út [[oerflaktewetter]] bestiet.<ref>[https://drimble.nl/buurten/19080001/dronrijp.html Statistyske ynformaasje oer Dronryp]</ref> It doarp leit yn it noardwestlike diel fan 'e provinsje [[Fryslân]], op 'e [[Klaaistreek|Klaai]], likernôch 8 km rjocht bewesten [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. Fuort besiden it doarp leit de âlde súdgrins fan 'e [[Bouhoeke]], dêr't oant in jier as tritich lyn de [[Greidhoeke]] begûn en dy beide [[lânbou]]gebieten mei in frij skerpe demarkaasjeline faninoar skaat waarden. Tsjintwurdich is dy oergong lykwols folle stadiger, mei't yn 'e Bouhoeke it [[greidlân]] optein is, wylst troch de bou fan [[maïs]] no yn 'e Greidhoeke ek wol [[boulân]] foarkomt. Likernôch op datseldichste plak, fuort besuden Dronryp, leit in grut ferhef yn it lân, dat yn 'e lêste [[iistiid]] opsmiten is troch de [[gletsjer]]s, en dêr't no de súdlike tagongswei oerhinne rint.
 
Dronryp hat foarhinne altyd ta de gemeente [[Menameradiel]] heartheard, oant it per [[1&nbsp;jannewaris]] [[2018]] ûnder de nije fúzjegemeentfúzjegemeente [[De&nbsp;Waadhoeke]] kaam te fallen. De Rypster [[himrik]] grinzget yn it noarden oan [[Menaam]], yn it noardwesten oan [[Skingen]] en yn it easten oan [[Deinum]] en [[Blessum]]. Yn it westen grinzget Dronryp oan it [[Frjentsjerteradiel]]ster doarp [[Sweins]], en yn it suden (fan west nei east) oan 'e [[Littenseradiel]]ster doarpen [[Wjelsryp]], [[Baaium]], [[Winsum (Fryslân)|Winsum]], [[Húns]] en [[Hilaard]]. It doarp Dronryp sels leit ynklamme tusken de [[Rykswei 31]] oan 'e noardkant en it [[Van Harinxmakanaal]] oan 'e súdkant, al stekt de beboude kom in lyts eintsje oer dat wetter hinne út. In kilometer as twa besuden it doarp leit de [[útbuorren]] [[Hatsum]], mei in [[Stasjon Dronryp|eigen stasjon]] oan it [[spoarwegen|spoar]] fan [[Stasjon Ljouwert|Ljouwert]] nei [[Stasjon Harns Haven|Harns]]. Eastlik fan 'e beboude kom, oan it Van Harinxmakanaal, leit [[De Puollen (Dronryp)|De Puollen]], dat foarhinne ek as in útbuorren beskôge waard.
[[File:Dronrijp.DePosthoorn.JPG|thumb|250px|Kafee ''De Posthoorn'']]
[[File:Dronryp StatesPleatsen.jpg|thumb|250px|States en pleatsen yn en om Dronryp ([[Schotanusatlas]])]]
Rigel 37:
Dronryp waard foarhinne wol "it Fryske Rome" neamd, net om't men der sa [[roomsk-katolisisme|roomsk]] is (al is it noch altyd wol ien fan 'e meast roomske doarpen fan Fryslân), mar om't it krekt as [[Rome (stêd)|Rome]] boud wie op sân [[heuvel]]s, al wiene dy "heuvels" yn Fryslân fansels [[terp]]en. It is net bekend wannear't Dronryp stifte waard, mar dat moat foàr Kristus west hawwe, mei't by [[archeology]]ske opgravings yn 'e ûnderskate terpen in grut ferskaat oan âldheden út 'e [[Romeinske Ryk|Romeinske tiid]] út 'e grûn helle is. Sa kaam by De Puollen geometrysk fersierd [[ierdewurk]] foar 't ljocht dat datearre wurde moat om it begjin fan 'e jiertelling hinne, en smieten de beide Hatsumer terpen (de iene benoarden en de oare besuden it spoar) mar leafst 451 resp. 256 ferskillende Romeinske fynsten op. Dêrûnder wiene in itensiederspot, in gielgoudene [[fingerring|ring]] út de [[trêde iuw]], in byldsje fan de [[Romeinske mytology|Romeinske oarlochsgod]] [[Mars (god)|Mars]] en fierders [[dakpanne]]n by 't kroadfol.
 
Yn 'e [[Midsiuwen]], doe't yn 'e measte Fryske doarpen ien inkeld [[haadling]]elaach foar master opsloech, lei dat yn Dronryp justjes oars. Der wiene teminsten sân [[state]]s: [[Fetsastate]], [[Grut-Dotingastate]], [[Osingastate (Dronryp)|Osingastate]] en [[Hobbemastate]] yn of fuort by de buorren, [[Foppingastate]] oan 'e súdkant fan 'ede âlde [[Harnzer Trekfeart]], [[Glinstrastate (Dronryp)|Glinsstate]] (ek wol it Blauhûs neamd) by De Puollen, en [[Hommemastate]] op Hatsum. Om't men sadwaande yn Dronryp tichter op in protsje siet as dat op oare plakken wenst wie, moast der ek better gearwurke wurde om mei-inoar troch de tiid te kommen. Dat liket wûnderwol slagge te wêzen, mei't út 'e saneamde [[benifysjaalboek]]en fan it doarp bliken docht dat frijwol alle (lukrative) tsjerklike amten yn it doarp út 'e eigen rûnte wei beset waarden.
[[File:Dronrijp.Vredenhof.JPG|left|thumb|250px|It âldste diel fan it [[gasthûs]] "Vredenhof", oan 'e Dûbelestreek.]]
 
Rigel 50:
Wat it sljochtwei folk oanbelange, dat hie it yn 'e [[achttjinde iuw]] net maklik, mei't Fryslân yn dy tiid troch de [[feepest]] troffen waard, in besmetlike feesykte dy't yn [[juny]] [[1714]] yn De Puollen by Dronryp foar it earst útbrutsen liket te wêzen. De sykte bleau jierrenlang omwaarjen, wêrby't ferskate boeren mear as ien kear yn har libben har hiele feebestân kwytrekken (yn in tiid dat [[fersekering]]en noch net bestiene). Yn it boek ''Skiednis fan Menameradiel'' makket O. Santema melding fan in Piter Hindriks Hiemstra, dy't yn [[1740]] yn [[Ypekolsgea]] berne waard, [[boere-arbeider]] waard te [[Iens]], troude mei in boeredochter en sadwaande yn [[Tsjom]] op 'e pleats kaam en dêr 37 jier buorke, mar twaris al syn bisten ferlear oan 'e feepest. Nei de twadde kear moast er fan 'e pleats ôf en waard er mei 60 jier [[kastlein]] yn [[Blauhûs]], dêr't syn frou stoar. Fjouwer jier letter wied er wer opklaud ta pachtboer, diskear yn Dronryp, dêr't er nochris 33 jier buorke. Op syn 97ste, nei 70 jier boer west te hawwen, sette er him yn [[1837]] nei wenjen yn in boargerhúske yn 'e buorren, mar doe't dat ôfbrutsen wurde moast, gied er by de bernsbern yn, dêr't úteinlik op [[4 novimber]] [[1844]] yn 'e hege âlderdom fan 104 jier kaam te ferstjerren.
 
Tsjin dy tiid wie Dronryp troch de bank nommen in frij woltierich doarp, ek al sil it grif syn earmen hân hawwe. Mar yn [[1850]] krige it as ien fan 'e earste doarpen yn 'e wide omkriten [[strjitferljochting]], neffens Santema "''in healwizichheit, dêr't men yn oare doarpen it nut net fan ynseach en dat ek planút sei.''"<ref>Santema, O., ''Dronryp'', yn: Santema, O., en Ypma, dr. Y.N., ûnder redaksje fan, ''Skiednis fan Menameradiel'', s. 404.</ref> Om deselde tiid hinne krige Dronryp in wolfoarsjoene [[bibleteekbiblioteek]], en wie der in heech oanskreaune (iepenbiere) [[legere skoalle]]. Teffens naam de [[skipfeart]] oer de Harnzer Trekfeart ta, wêrfan't Dronryp profitearre. Yn [[1951]] kaam de ferbreding en ferjipping fan 'e [[feart]] ree, dy't him tagonklik meitsje moast foar de moderne skipfeart. De Harnzer Trekfeart waard doe omnamme ta it [[Van Harinxmakanaal]]. Yn [[1863]] kaam it [[spoarwegen|spoar]], en krige Dronryp daliks in stasjon (te Hatsum). Der waard in [[strjitwei]] oanlein fan Frjentsjer nei Ljouwert, dy't oan 'e noardkant by it doarp lâns rûn. Fan [[1900]] ôf ried dêr de [[tram]], en sûnt de 1930-er jierren de [[autobus|bus]].
[[Ofbyld:Dronryp d'âlde wite.JPG|right|thumb|300px|[[D' Alde Wite]], de [[protestantisme|protestantske]] [[tsjerke]] fan Dronryp.]]
[[File:Eise Eisinga stânbyld Dronryp.JPG|right|200px|thumb|De [[stânbyld|búste]] fan [[Eise Eisinga]] yn syn berteplak Dronryp.]]