Library of Congress: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
biblioteek, de kategoryen moatte earstdeis ek noch
Rigel 3:
Flagge= [[File:Flag of the United States Library of Congress.png|125px]] |
Embleem= [[File:US-LibraryOfCongress-BookLogo.svg|60px]] |
Namme folút= ''Library of Congress'' <br><small>("KongresbibleteekKongresbiblioteek")</small>|
Ofkoarting= LoC of LOC <small>(net folle brûkt)</small>|
Lân= [[Ofbyld:flag of the United States.svg|20px]] [[Feriene Steaten]] |
Rigel 14:
Webside= [http://www.loc.gov/ www.loc.gov] |
}}
De '''''Library of Congress''''' ("KongresbibleteekKongresbiblioteek") is de offisjele neislachbibleteekneislachbiblioteek foar de [[wetjaande macht]] fan it regear fan 'ede [[Feriene Steaten]], d.w.s. foar it [[Amerikaanske Kongres]]. Dêrnjonken is it ''de facto'' de nasjonale [[bibleteek]] fan 'e Feriene Steaten, dy't fungearret as in [[argyf|steatsargyf]], dêr't twa eksimplaren fan alle yn 'ede Feriene Steaten útjûne [[boek]]en en [[tydskrift]]en (en in protte fan dêrbûten) opslein wurde. Datoangeande ferfollet de ''Library of Congress'' deselde funksje as dy't yn [[Nederlân]] de [[Keninklike BibleteekBiblioteek]] yn [[De Haach]] hat en yn [[Fryslân]] [[Tresoar]]. Metten neffens it oantal foarwerpen dat der bewarre wurdt, is de ''Library of Congress'' de grutste bibleteekbiblioteek fan 'ede wrâld. Hy is fêstige yn trije gebouwen yn 'e Amerikaanske haadstêd [[Washington, D.C.]] en ien op it plattelân fan [[Firginia]], en is net inkeld tagonklik foar kongresleden, mar ek foar it Amerikaanske publyk. Lykwols kinne allinnich heechpleatste ledenpommeranten fan it Amerikaanske regear der boeken útliene.
 
== Skiednis ==
De ''Library of Congress'' is de âldste federale kulturele ynstânsje yn 'e Feriene Steaten. Nei't er alve jier lang yn provisoaryske omstannichheden yn 'ede tydlike haadstêden [[New York (stêd)|New York]] en [[Philadelphia]] fêstige west hie, waard er yn [[1800]] ferhuze nei de nije federale haadstêd [[Washington, D.C.]], dêr't er ûnderbrocht waard yn it [[Amerikaanske Kapitoal|Kapitoal]], de sit fan it [[Amerikaanske Kongres]]. It grutste part fan 'ede oarspronklike kolleksje gie ferlern doe't de [[Grut-Brittanje|Britten]] yn [[1814]], ûnder de saneamde [[Oarloch fan 1812]], Washington platbaarnden. Om 'ede ynstelling wer yn âlde gloarje werom te bringen, bea de eardere presidint [[Thomas Jefferson]] it Kongres yn [[1815]] syn persoanlike kolleksje fan 6.487 boeken te keap oan. Dat wie in unike samling, seker foar dy tiid, mei't it de wurkbibleteekwurkbiblioteek fan in [[wittenskipper]] wie ynstee fan 'e pronkkolleksje fan in hear fan stân.
[[File:Thomas_Jefferson_Great_Hall_by_Carol_M._Highsmith.jpg|left|thumb|180px|De Grutte Hal fan it ''Thomas Jefferson Building''.]]
 
Nei in perioade fan stadige groei waard de ''Library of Congress'' yn [[1851]] foar de twadde kear troch in slimmen brân troffen, diskear feroarsake troch in ûngelok. Op 'e nij gie in grut diel fan 'e kolleksje ferlern, mei dêrûnder ek withoefolle fan Jefferson syn boeken. Nei ôfrin fan 'e [[Amerikaanske Boargeroarloch]], yn [[1865]], briek der lykwols in tiid fan flugge groei foar de bibleteek oan, sawol wat omfang as ynfloed oanbelange. Der waard in kampanje opset om alle earder ferlern giene boeken op 'e nij oan te skaffen út oare, priveebibletekenpriveebiblioteken. Yn dyselde snuorje krige de ''Library of Congress'' ek it wetlik fêstleine rjocht om fan alle yn 'e Feriene Steaten publisearre wurken dêr't ''[[copyright]]'' op rêst twa eksimplaren te ûntfangen foar in nasjonale kolleksje. Dêrnjonken waard úteinset mei kolleksjes fan boeken út [[Grut-Brittanje]] en oare [[Jeropa|Jeropeeske]] lannen, en letter kamen dêr ek boeken by út oare [[Ingelsk]]talige lannen ([[Kanada]], [[Austraalje (lân)|Austraalje]], [[Nij-Seelân]], [[Ierlân]], ensfh.) en út [[Latynsk-Amearika]] en [[Aazje]].
 
Sadwaande groeide it tal boeken en oare foarwerpen fan 'ede ''Library of Congress'' fan likernôch 300.000 yn [[1876]] oant 840.000 yn [[1897]]. It sprekt fansels dat troch sa'n omraak úttynjenúttinjen fan 'ede kolleksje wol romtegebrek ûntstean moast. Dat, fan [[1888]] oant [[1894]] liet men op ''Capitol Hill'', foar it eigentlike Kapitoal oer, in withoegrut nij bibleteekgebou sette, yn 'e [[Beaux Arts-arsjitektuer|''Beaux Arts'']]-styl, mei [[fresko|fresko's]], [[skilderij]]en, [[moarmer]]ne hallen, treppen en pylders, [[houtfykwurk|fike]] houtene linings en balustrades en in koepel fan [[glês-yn-lead]]. Dit gebou waard it ''[[Thomas Jefferson Building]]'' neamd, en it is noch altyd it haadgebou fan 'e ''Library of Congress''.
[[File:Thomas_Jefferson_Building_Aerial_by_Carol_M._Highsmith.jpg|right|thumb|250px|It ''Thomas Jefferson Building'', it haadgebou fan 'e ''Library of Congress''.]]
 
Under it bestjoer fan [[Herbert Putnam]], dy't fjirtich jier lang as direkteur oan it haad fan 'ede ''Library of Congress'' stie, fan [[1899]] oant [[1939]], gie de útwreiding fluch fierder. Yn [[1901]] waard it oantal fan 1 miljoen boeken en oare foarwerpen berikt. Presidint [[Theodore Roosevelt]] furdige yn [[1903]] in dekreet út dat de papierren fan 'ede ''[[Founding Fathers]]'', dy't oant doe ta beheard wiene troch it [[Amerikaansk Ministearje fan Bûtenlânske Saken]], oerdroegen wurde moasten oan 'ede ''Library of Congress''. Yn [[1906]] waard de priveebibleteekpriveebiblioteek fan in G.V. Judin oankocht, besteande út 80.000 [[Ruslân|Russyske]] boeken, en yn [[1908]] de Schatz-kolleksje, fan iere [[opera]][[libretto|libretto's]]. Mear fan sokke oankeapen folgen, wêrûnder dy fan samlingen fan [[Hebriuwsk]]e, [[Sineesk]]e en [[Japansk]]e [[literatuer]], en yn 'e tritiger jierren de Russyske keizerlike kolleksje fan 2.600 boeken.
 
Hoewol't mei sokke oankeapen witwat jild muoid wie, wie de Amerikaanske polityk der net op tsjin. Krektoarsom, yn [[1929]] naam it Kongres sels it inisjatyf om foar $1,5 miljoen de kolleksje fan Otto Volbehr oan te skaffen, mei dêrûnder ien fan mar trije oerbleaune ûnskansearre eksimplaren fan 'e [[Johann Gutenberg|Gutenbergbibel]]. Uteinlik rekke troch it oanhâldende oanwinnen fan 'e kolleksje sels it nije gebou fol, nettsjinsteande útwreidings fan plankromte yn [[1910]] en [[1927]]. Yn [[1928]] kocht it Kongres deunby in perseel oan dêr't in bygebou oanlein waard, dat it ''[[John Adams Building]]'' kaam te hjitten. Om't de bou fertrage waard troch de [[Grutte Depresje]], waard it pas oplevere yn [[1938]] en iepene yn [[1939]].
[[File:John Adams Building-LOC.jpg|left|thumb|200px|It ''John Adams Building''.]]
 
Putnam syn opfolger, [[Archibald MacLeish]], dy't de bibleteekbiblioteek late ûnder de [[Twadde Wrâldoarloch]], fan [[1939]] oant [[1944]], is nettsjinsteande syn koarte termyn de bekendste direkteur út 'e skiednis fan 'ede ''Library of Congress''. Hy kante him fûleindich oan tsjin [[faksisme]] en sette syn personeel yn om 'e [[Amerikaanske Striidkrêften]] yn 'ede oarloch te stypjen troch alderhanne needsaaklike ynformaasje út 'e kolleksje op te djipjen. Sa sochten de meiwurkers fan 'e ''Library of Congress'' bgl.bygelyks foar de [[Amerikaanske Loftmacht]] út hoe't de luchtstreamings boppe de [[Himalaya]] wiene yn 'e tiid fan it jier dat Amerikaanske piloaten oer dat [[berchtme]] fleane moasten. Under [[Luther H. Evans]], dy't fan [[1944]] oant [[1953]] direkteur wie, waard de kolleksje fannijs útwreide, wylst teffens de wize fan katalogisearring op 'e nij besjoen waard. Troch nije konneksjes mei [[West-Jeropa|WestjeropeeskeWesteeropeeske]] lannen koene dêr goede oankeapen dien wurde, wylst de ''Library of Congress'' yn [[Japan]] behelle wie yn 'ede oprjochting fan 'ede [[BibleteekBiblioteek fan it Japanske Parlemint]].
 
Under [[L. Quincy Mumford]], de opfolger fan Evans, dy't direkteur wie fan [[1953]] oant [[1974]], lei de ''Library of Congress'' him mear ta op it [[ûnderwiis]]. Yn [[1965]] naam it Kongres in wet oan dy't de bibleteekbiblioteek tastimming joech om skinkings en finansjele middels út neilittenskippen oan te nimmen. Neitiid waarden grutte bedraggen oan 'ede ''Library of Congress'' taparte troch foaroansteande Amerikanen, lykas de sakeman [[John D. Rockefeller]]. Fan [[Gertrude Clarke Whittall]] ûntfong de bibleteek fiif [[Stradivarius]]-[[fioele]]n. Al mei al barste de bibleteekbiblioteek tsjin 'ede santiger jierren alwer hast út syn foegen, dat yn [[1971]] waard úteinset mei de oanlis fan in trêde gebou, it ''[[James Madison Memorial Building]]'' dat yn [[1976]] reekaam.
[[File:Madison_Building_by_Carol_M._Highsmith.jpg|right|thumb|280px|It nije ''James Madison Memorial Building'', út 'e santiger jierren.]]
 
Under de direkteuren [[Daniel J. Boorstin]] ([[1974]]-[[1987]]) en [[James H. Billington]] (sûnt [[1987]]) groeide de ''Library of Congres'' stadich troch. Nei de ein fan 'e [[Kâlde Oarloch]] waarden nije bannen oanknope mei [[East-Jeropa|Eastjeropeeske lannen]] en wie de ''Library of Congress'' belutsen by de oprjochting fan ferskate parlemintsbibletekenparlemintsbiblioteken yn dy regio. Fan 'e njoggentiger jierren ôf wurket de ''Library of Congress'' oan 'e [[digitalisearring]] fan syn kolleksje, mar hy eigenet him ek noch altyd nije taken ta. Sa kundige de bibleteekbiblioteek yn april [[2010]] oan dat alle iepenbiere kommunikaasje fia [[Twitter]] fanôf it begjin fan dat medium yn maart [[2006]] opslein en bewarre wurde soe. It ien en oar yn ferbân mei de taak fan 'e bibleteekbiblioteek by it sammeljen fan persoanlike ferslaggen fan 'ede skiednis.
 
== Hjoeddeistige kolleksje ==
De kolleksje fan 'ede ''Library of Congress'' omfettet mear as 32 miljoen katalogisearre boeken en oar printe materiaal yn 470 ûnderskate [[taal|talen]]; mear as 61 miljoen [[manuskript]]en; de grutste samling fan seldsume boeken yn [[Noard-Amearika]] (ynkl.ynklusyf de [[Amerikaanske Unôfhinklikheidsferklearring]] en in [[Johann Gutenberg|Gutenbergbibel]]); mear as 1 miljoen publikaasjes fan 'e Amerikaanske oerheid; 1 miljoen eksimplaren fan [[krante]]n fan oer de hiele wrâld út in perioade fan trije iuwen; 33.000 ynbûne kranteboeken; 500.000 [[mikrofilm]]kes; mear as 120.000 [[stripferhaal|stripboeken]]; 5,3 miljoen [[lânkaart]]en; 6 miljoen wurken fan [[blêdmuzyk]]; 3 miljoen lûdsopnamen; mear as 14,7 miljoen tekeningen, printen en foto's (ynkl. [[keunst]]wurken en [[arsjitektuer|arsjitektoanyske]] [[blaudruk]]ken); alle Amerikaanske en in protte bûtenlânske [[film]]s dy't sûnt it begjin fan 'e [[tweintichste iuw]] ferskynd binne (ynsafier't dy bewarre bleaun binne); en in ferskaat oan oare foarwerpen, lykas de al neamde Stradivarius-fioelen. Eltse dei arriviearje der rûchwei 22.000 nije boeken en oare Amerikaanske publikaasjes, en dêr komt alle bûtenlânske spul noch by.
[[File:Packard-campus-library-of-c.jpg|left|thumb|250px|De ''Packard Campus for Audio-Visual Conservation'', yn [[Firginia]].]]
 
== Fêstigings ==
De ''Library of Congress'' is tsjintwurdich fêstige yn fjouwer gebouwen op twa lokaasjes. It ''[[Thomas Jefferson Building]]'', it ''[[John Adams Building]]'' en it ''[[James Madison Memorial Building]]'' steane op in klútsje op ''Capitol Hill'', yn 'ede Amerikaanske haadstêd [[Washington, D.C.]] Dizze trije gebouwen binne fia ûndergrûnske gongen mei-inoar ferbûn, sadat in bibleteekbesikerbiblioteekbesiker mar ien kear troch de befeiliging hinne hoecht. Se binne neamd nei trije iere presidinten fan 'e Feriene Steaten: [[Thomas Jefferson]] ([[1801]]-[[1809]]), [[John Adams]] ([[1797]]-[[1801]]) en [[James Madison]] ([[1809]]-[[1817]]). Dêrnjonken besteane noch op ferskate plakken depindânses dy't inkeld foar wurknimmers tagonklik binne, foar de opslach fan guod dêr't net in soad fraach nei is.
 
Yn [[2007]] waard fierders noch in fjirde offisjele gebou iepene, de saneamde ''[[National Audio-Visual Conservation Center|Packard Campus for Audio-Visual Conservation]]'', yn [[Culpeper (Firginia)|Culpeper]], op it plattelân fan 'ede [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Firginia]]. Dy is fêstige is yn in âld opslachplak fan 'ede [[Amerikaanske Federale Bank]] anneks bunker út 'e [[Kâlde Oarloch]], dêr't no de [[film]]-, [[tillefyzje]]- en lûdsopnamekolleksjes fan 'ede ''Library of Congress'' bewarre wurde. It gebou is ferneamd nei de [[filantroop]] [[David Woodley Packard]], de soan fan [[Hewlett-Packard]]-oprjochter [[David Packard]].
 
{{boarnen|boarnefernijing=