Amelânske Daam: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Amelânske daam.jpg|thumb|''De daam nei it Amelân'']]
De '''Amelânske Daam''' wie de daam dy't fan [[1872]] oant [[1882]] fan [[Holwert]] nei [[Bueren]] op [[itIt Amelân]] rûn.
 
Yn [[1840]] waard der útsteld in daam oan te lizzen fan itIt Amelân nei de fêste wâl. It Amelân waard yndertiid troch de [[Slinke]] hast yn twaen brutsen, dat no wie it idee om lân te winnen op it [[waadWaad]], en dêrtroch de [[Waadsee]] swakker te meitsjen. Dat soe it gefaar foar it eilân dan keare. Lykwols is dy daam net oanlein, om't dy trije meter boppe heech wetter wêze moast om oan it doel te foldwaan.
 
Yn [[1869]] krige jonkhear P.J.W. Teding van Berkhout de opdracht om in oare daam oan te lizzen, om de ôfbroazeling oan 'e súdkant fan it eilân ta steanop te bringenkearen. Dêrta droegen it Ryk en de provinsje Fryslân elts 200.000 gûne by en waard de [[ Maatskippij ta Lânoanwinning op it Fryske Waad]] oprjochte. Yn [[1871]] en [[1872]] waard oer de [[gearslach]] troch de maatskippij in daam oanlein. De daam rûn fan Holwert nei Bueren en hie in langte fan 8,7 km. Om't it doel wie lân oan te winnen waard de daam net breed boud; de kop wie net breder as 60 sm. Dêrby wie it in ebbedaam; by heech wetter stie der 50 sm wetter oer de daam.
 
De daam wie lykwols gjin sukses; in pear wiken letter sloech in stoarm al gatten yn de daam, en de daamhy moast troch de jierren faker reparearre wurde. De daam waard ek fersterke, mar nei de stoarmen fan de winter fan [[1881]]/[[1882]] besleat de maatskippij lykwols dat de trochgeande reparaasjes te djoer wienen, en joech er de see en wyn wer it frij spul. Parten fan de daam binne hieltyd noch sichtber. Ek is de feardaam fan Holwert boud op de ein fan de Amelânske Daam. Hjoed -de -dei leit de gearslach lykwols fierder nei it easten.
 
By de plannen ta ôfsluting fan de Waadsee út de fyftiger jierren fan de 20e iuw, waard ek rekken holden mei in daam nei It Amelân. Dy plannen binne lykwols net útfierd.